Afbeelding

Unbekende foto crash Terwispel dûkt op

Nieuws

TERWISPEL Begjin dit jier ferskynde der in foto op de besletten Facebookside ‘Terwispel Histoarje’. Rob Kruijer beskreau wat der te sjen wie: in fleantúchmotor mei in stik fleugel mei derby de pearen Ids Velde en Jentje Meester links en Thomas Velde mei Ans Boer rjochts. ‘Omgeving Warga ca. 1945’, stie der ek noch by. Mar wat docht bliken: it is net by Wergea, mar by Terwispel.

De foto wie earder al ris pleatst op de Facebookside “Onbekende Friezen op oude foto’s”. Op fersyk fan redakteur Hindrik Liemburg waard de foto ek op de side fan de Terwispel Histoarje set. Want mooglik wie der in relaasje mei Terwispel. Wat folge wie in speurtocht nei de identifikaasje fan it tastelûnderdiel en it plak fan delkommen.

Der kamen al rillegau trije reaksjes. Gosse van der Plaats fan Dokkum woe mear witte fan it fleantúch en seach dat de foto yn de simmer of neisimmer makke wie, om’t de beammen noch folop yn blêd stiene. Berend Drent fan De Tynje tocht dat it yn 1941 (!) wie. Der kaam gjin direkte reaksje fan de ynstjoerder. Gosse naam doe kontakt op mei Douwe Drijver van de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF). Dizze stichting docht ûndersyk nei de skiednis fan de loftoarloch boppe Fryslân yn de jierren 1940-1945 (luchtoorlogfriesland.nl). Gosse wie yn syn tsjinsttiid (1973-1974) al yn kontakt kaam mei Drijver oer it Whitley-fleantúch dat op 15 augustus 1941 delkommen is yn it lân fan de famylje Hofstra oan de Alde Dyk by Terwispel. Drijver stjoert fia de e-mail in reaksje. It blykt foar de stichting in ûnbekende foto. Mar Drijver seit der wol wis fan te wêzen dat de motor op de foto ôfkomstich is fan in Wellington-fleanmasjine. En yn de romme omkriten fan Wergea is gjin Wellington delkommen. Hy tinkt mear oan de omkriten fan De Gordyk.

Fierderop delkommen

Van der Plaats siket fierder. Hy bellet mei Lieuwe Boonstra fan De Knipe, dy’t yn 2020 it boek ‘Eindstation Terwispel’ publisearre oer de Whitley en de Wellington, dy’t by de Brêgeleane tusken Terwispel en De Tynje delkommen is. Lieuwe hat de foto nea earder sjeon, mar wit wol dat ien fan de motors oan in fleugel in stik fierder as de rest fan it wrak delkommen is.

Dan bellet Van der Plaats mar ris mei Rob Kruijer, de man dy’t de foto iepenbier makke hat. It docht bliken dat it famke tusken it lofter âlder pear Frannie Velde is, âldste dochter fan Ids(ke) Velde en Jentje Meester. Neffens Kruijer en syn frou Gretha Kruijer-Velde is dy op de foto heechút seis jier âld. Gretha is in jongere suster fan Frannie. Idske Velde wie ôfkomstich fan Terwispel en wenne fan 1936 ôf yn Wergea. Syn jongere broer Thomas wenne yn 1941 noch yn Terwispel as soan fan kaféhâlders Gerard Velde en Geertje Stelma. Hy hie doe ferkearing mei Ans Boer, dy’t letter syn frou wurde soe.

Fytstochtsje

De konklúzje fan Van der Plaats is helder. Hy tinkt dat de bruor-ren yn september 1941 op in snein mooglik in fytstochtje makke ha fanút Terwispel nei it fleugelrestant fan de Wellington, dy’t dêr op 8 septimber 1941 by de Brêgeleane delkommen wie. Syn âldere broer Ids(ke) sil der mei frou en bern op besite west ha. En dêrmei is in unike foto fan dizze fleantúchcrash út harren famyljealbum boppe wetter kaam.

Op de foto steane lofts: Idske Velde (14-02-1913 Terwispel - 22-03-1964 Leiden) en Jentje (Jenke) Meester (02-03-1913 Jobbegea - 05-08-2010 Havelte) mei dochterke Frannie (24-08-1936 Wergea - 22-11-2004 Beverwijk), Thomas Velde (18-03-1917 Terwispel - 02-12-1991 Haarlem) en Ans Boer (09-08-1923 Groningen (?) - 02-11-2011 Haarlem).

Meer SA!

Van Teyens Fundatie
Van Teyens steunt Nieuws 39 minuten geleden
Afbeelding
Roadtrip van Lamme Schooier bij Revalidatie Friesland Cultuur 48 minuten geleden
Hans Meinsma voor zijn fietswinkel in Wijnjewoude.
Meinsma Fietsen bestaat 120 jaar Ondernemen 50 minuten geleden
Buurtbewoners van De Plasse plaatsten een protestbord.
Niemand blij met waterfabriek Luxwoude Nieuws 53 minuten geleden
Afbeelding
Informatiebord Imke Klaverpad Nieuws 19 uur geleden
Het definitieve plan voor de nieuwe Aldi in de Hoofdstraat van Gorredijk.
Gemeenteraad akkoord met Aldi-plan Nieuws 19 uur geleden
De voormalige basisschool De Trime in Beetsterzwaag wordt nu antikraak bewoond.
Positie Sweachsters in 'De Trime' is aan ontwikkelaar Nieuws 19 uur geleden
Burgemeester Andries Bouwman feliciteerde het echtpaar Meta en Henk Modderman.
Henk en Meta Modderman schreven elkaar lange brieven Nieuws 19 uur geleden