Afbeelding

Column: Sven

Column

DE GORDYK It wie begjin 2005, alwer in hiel skoft lyn. Mei it swit yn de hannen siet ik te wacht- sjen op it kantoar fan Omrop Fryslân. Eelke Lok slofke del, hy groete freonlik. Efkes letter siet ik tsjin de haadredakteur oer. René Koster wie der ek. In sollisitaasjegesprek. 

Ik siet by de lêste twa kandidaten foar de presintaasje fan it eftergrûnprogramma Omnium. Ik hie earder sollisitearre op de funksje fan ferslachjouwer, mar krige in ôfwizing oer de post. Twa dagen letter tillefoan út Ljouwert, se hiene wat oars foar my. Miskien. In soad ûnderfining mei sollisitaasjes hie ik net. En dat die bliken. De beide mannen pakten my aardich oan. Se stelden ûnder oare in fraach oer in jonge reedrider, 18 jier âld. Hy hie krekt it wykein derfoar op it iis fan him hearre litten. Wat soe ik mei dit nijs dwaan? Wat foar ynfulling fan in achtergrûnûnderwerp soe ik betinke om oandacht te jaan oan dit jonge talint? Ik wist net folle oer him. Ja, syn namme wie Sven en it wie in soan fan de bekende Yep Kramer. Ik stammere der wat yn om. Ik wit eins net iens mear wat myn antwurd wie. It sil gjin ferrassing wêze dat ik de funk- sje úteinlik net krige.

De oare kandidaat hie ek al mear ûnderfining op de radio, wylst ik foaral myn wurk as riedsferslachjouwer by De Woudklank en myn lânbousjoernalistyk wurk ynbringe koe. De oare kandidaat koe oan de slach, mar hat it om wat foar reden dan ek net lang folholden. Sven hat yn de jierren dy’t kamen wol aardich fan him hearre litten. Hy waard ien fan ús grutste sportmannen.
Sneintemoarn ha ik foar de safolste kear wer fan him genoaten, fan Sven syn lêste 5.000 meter. Hy wûn net, by lange nei net, mar moai hoe reëel hy yn syn kommentaar wie.

Stel dat ik wol in goed idee hân hie foar in reportaazje oer de jonge rider Kramer. Hy hie der net in medalje mear of minder om wûn, mar oft der dan oait in Sa! kaam wie?

Arend Waninge 

Meer SA!

Arend Waninge
Hangmatdag Column 11 uur geleden
Van Teyens Fundatie
Van Teyens steunt initiatieven Nieuws 15 uur geleden
Afbeelding
Roadtrip van Lamme Schooier bij Revalidatie Friesland Cultuur 15 uur geleden
Hans Meinsma voor zijn fietswinkel in Wijnjewoude.
Meinsma Fietsen bestaat 120 jaar Ondernemen 15 uur geleden
Buurtbewoners van De Plasse plaatsten een protestbord.
Niemand blij met waterfabriek Luxwoude Nieuws 15 uur geleden
Afbeelding
Informatiebord Imke Klaverpad Nieuws 14 mei, 13:53
Het definitieve plan voor de nieuwe Aldi in de Hoofdstraat van Gorredijk.
Gemeenteraad akkoord met Aldi-plan Nieuws 14 mei, 13:50
De voormalige basisschool De Trime in Beetsterzwaag wordt nu antikraak bewoond.
Positie Sweachsters in 'De Trime' is aan ontwikkelaar Nieuws 14 mei, 13:49