Afbeelding
Nel Wierenga

Bluisterige Beitske

Algemeen

Freedtejûn. De buorman oan de doar. En dat mei it stoarmige waar. Mar dat wie it no krekt. Wy wenje oan de râne fan it doarp. De wyn komt yn dizze tiden oer it lân en de feart op ús ta. Dat de dakpannen fleagen ús om de earen. By in bytsje stoarm hiene wy der eins altyd wol in pear pannen ôf. Mar sûnt de sinnepanielen op it dak lizze wie dat foarby. Dy hâlde it spul wol aardich by elkoar sa’t it liket. Mar je ha altyd stoarm boppe stoarm. Dat wy telden fiif dakpannen dy’t net mear op harren plak leinen. En wat ferfelender wie, ien fan de fiif hie ûnderweis it foarrút fan buormans auto ek meinaam. We dienen der beiden net sa moeilik oer. It heart derby en dêr betelje je alle jierren withoefolle preemje foar, is ‘t net sa. 

It bleau ek noch in pear dagen rûzich. Mei in protte wetter. Wy wenje oan de feart. Heech en ek altyd droech. Mar de feart docht dit kear wol har bêst. It wetter is wol in meter as trije breder as oars. It stap is der al hielendal ûnderstrûpt. Mar it komt net oan de dyk ta. Dat soe ek wat wêze. At wy it wetter by de doar stean ha, is it fierderop yn Terwispel panyk. By ús op it hiem is it hichteferskil al sawat twa meter. 

Wy ha sa’t it liket ek gjin gewoane stoarmen mear. Se gean tsjintwurdich altyd lykop mei in kleur: koade giel, oranje of read. Der is fuortdaalk alarm. En se ha nammen. Ferline wike wiene it Dudley, Eunice en Franklin. En at it de kommende wiken noch ris wer hurd begint te waaien, dan komt dat troch Gladys, Herman en Imani. Dat skynt al sa ôfpraat te wêzen. 

Dy nammen binne fêst net troch Piet Paulusma betocht. It soe wat wêze at de stoarmen ris Fryske nammen krigen. Rûzige Ruerdsje, Bluisterige Beitske, Winige Wietske. Dan soene wy it Frysk ynternasjonaal noch ris op de kaart sette. En it heart ek fuort in stik minder wreed.

Arend Waninge

Meer SA!

Kinderburgemeester Mirre Kanters en burgemeester Andries Bouwman hebben net de krans gelegd in Beetsterzwaag
Liefde staat op 4 mei centraal in Beetsterzwaag Nieuws gisteren
Johan van der Veen viert de 1-0 in het thuisduel tegen TLC.
Prima eerste helft levert ODV zege op Algemeen 4 mei, 17:54
Afbeelding
Duur verlies RWF in strijd tegen degradatie Sport 4 mei, 17:40
Afbeelding
EU-debat in Gorredijk Algemeen 4 mei, 11:05
Kapster  Anouk van der Meer
NoSa!: de jonge talentvolle kapster Anouk Nieuws 4 mei, 10:56
Oerterp-trainer Freerk Brouwer houdt zijn spelers nauwlettend in het oog.
Oerterp gaat voor kleine kans op periode Sport 3 mei, 16:00
Afbeelding
Collega's Column 3 mei, 12:20
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 3 mei, 10:33