arend column 2
arend column 2 Nel Wierenga

Column: Tsien jier fierder

Algemeen

Hy wie wat letter as dat ik op rekkene hie. Mar dêr wie in goede reden foar. Hy ried by Café Spaltenbrêge del en doe stoppe de auto hast fansels. Dat wie it plak wêr’t hy jierren lyn ôfskied naam fan Fryslân. Myn maat. Ik groeide mei him op, yn ús wylde jierren dienen wy graach oeral it ljocht út. En doe keas hy foar in nij bestean yn it fiere Austraalje.

Faak hat hy net werom west. Saterdei seagen wy elkoar foar it earst yn goed tsien jier wer yn de eagen. In bysûnder momint wêr’t wy, sa die bliken, beide al dagen ús gedachten oer hie- nen. Hjoeddedei binne minsken digitaal noait fier fuort. Je kinne belje, appe, facetime. Mar it is dochs echt oars at je mei in fleske bier nêst elkoar oan de kant fan de feart sitte. It wie alwer gau fertroud. 

Hy makke wol in ferpletterjende entree troch by de buorlju foar de doar te stean. In doar te fier. It wie ek al efkes lyn. 

En noch mar goed 24 oeren yn it lân, hie hy al in soad ynhelle. Underweis fan Schiphol nei Fryslân wie er by Den Oever al stoppe om in gehaktbal. Mar de panne by it tankstasjon wie leech… It slagge wol om op de dei dy’t folge fan in sâlte hearring, hagelslag, in frikandel spesjaal, kibbelingen en oaljebollen te priuwen. Sa koe ik him wer. Neat opsparje, it gas der fol op. De earste dei hie hy ek al in slach dien troch it doarp wêr’t wy opgroeiden.

Binnen it earste oere foel it in pear kear stil. Efkes slikke, licht wiete eagen. Emoasjes oer wat der de ôfrûne jierren meimakke wie en wêr’t wy elkoar net al te bot mei lêstich fallen hienen. Want elk ús eigen drokte, de ôfstân, it tiidsferskil. Mar we nimme elkoar neat kwea ôf. Dat hjit freonskip. 

Der is noch genôch tiid om by te praten. Hy wit yn elts gefal it júste húsnûmer wer.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Startschot voor bouw De Verbinding in Ureterp Nieuws 15 uur geleden
Afbeelding
NK-brons voor inlineskater Jasmin Sport 16 uur geleden
Tijnje viert de titel in 5B en de promotie naar de vierde klasse.
Tijnje pakt in ultieme slotfase de titel Sport 12 mei, 17:43
Afbeelding
Nipte zege Gorredijk op Read Swart Sport 12 mei, 16:18
De ABBA tributeband A*Fever sloot Oerrock 2024 af met een spetterend optreden
'Wereldprimeur' en records Oerrock Algemeen 12 mei, 15:51
Dochter Esther, Geert en Marja Zigterman, kleindochter Lianne.
Geert roemt de zorg van zijn Marja Nieuws 12 mei, 12:12
Moeder Corrie de Jager met dochter Willy.
Leven van mem Corrie staat in teken van 'zorgen voor' Nieuws 12 mei, 10:46
Burgemeester Andries Bouwman krijgt uitleg over het gemaal van vrijwilliger Roel Lageveen.
'Oude dame' van Nij Beets kan weer jaren vooruit Nieuws 12 mei, 10:42