arend column 2
arend column 2 Nel Wierenga

Kleurplaatsjes

Column

It moaie simmerwaar bringt mei dat minsken harsels faak wat mear bleatjouwe. En dan komt der bytiden hiel wat foar it ljocht. Kinne je mei gewoane klean it ien en oar oan oerstallich fleis wat túk fuortstopje, simmerdeis falt dat net ta. De measten skamje har der sa’t it liket ek net mear foar. En dat is dan wer moai. Je binne sa’t je binne en yn de rin fan de jierren rint elts it gefaar op in kilootsje mear. Dat oerkomt de bêsten.

Mar je dogge hjoeddedei ek sawat net mear mei at je net in tattoo ha. Ik wie de lêste wiken oan de Ingelske súdkust. Wat ha ik dêr in ferskaat oan kleurplaatsjes sjoen. Guon hienen harren hielendal beskilderje litten. Ik oardielje der net oer. Elk moat dwaan wat er net litte kin. Mar ik kin my der wol bot oer fernuverje. Sels moat ik der net oan tinke. Ik sjoch al op tsjin de griepprik en it jaan fan bloed. Lit stean dat der ien mei sa’n nuddel in hiele tekening op myn hûd meitsje moat.

Ik sjoch graach om my hinne en myn gedachten gean dan ek wolris op de loop. Dêr hie ik op fekânsje fansels ek alle tiid foar. Wêr’t ik noch hieltyd neat fan begryp, is dat minsken de moaiste tekeningen op harren rêch of kût sette litte. Je moatte al hiel nuver foar de spegel stean om der sels wat fan te sjen. Kin ien my útlizze wat dêr dan de lol fan is? 

Ik soe der ek deabenaud foar wêze om letter spyt te krijen. Sa raar is dy gedachte net. Want wa’t âlde foto’s besjocht is faak fernuvere oer hoe’t wy der doe byrûnen. En at je dan wat fierder tinke: hoe lykje al dy plaat- sjes at de minsken wat âlder wurde? At de kilo’s tanimme, komt der ek fansels mear fel. Boppedat wol der noch wolris it ien en oar wat hingjen gean. Binne dy kleurplaatsjes dêr wol op berekkene? Is dêr yn it ûntwerp wol rekken mei hâlden? Ik krij al hiele bylden foar eagen.  

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Johannes Veenema wol wat delsette mei De Gordyk Sport 2 minuten geleden
Afbeelding
Opsterland start met PeuterPlus Nieuws 54 minuten geleden
Afbeelding
'Ik woe altyd al ûndernimmer wurde' Ondernemen 4 uur geleden
Afbeelding
Maatregelen rond Koningsdiep gericht op sponswerking Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Bezwaar kleine windmolen ongegrond Nieuws 20 uur geleden
Afbeelding
Primera wil feestelijke verrassing zijn Nieuws 23 uur geleden
Afbeelding
Figureren in De Tocht betekent continu opletten Cultuur 23 uur geleden
Afbeelding
Appeldag en streekmarkt Tropische Kas Cultuur 3 okt., 09:08