Afbeelding
Nel Wierenga

Column: Misstap

Column

DE GORDYK Ik ha der efkes op omkôge. Soe ik ek jeugdsûndes ha, dy’t ik opbiechte moat om slimmer foar te kommen? Je moatte as kolumnist der hjoeddedei goed om tinke wat je dogge en sizze. Foar’t je it witte, falt alleman oer je hinne. It earste wat yn mei opkaam, spilet al jierren lyn. Ik wie in jonkje en wie geregeldwei te finen yn ien fan de doarpswinkels by ús oan de oare kant fan de dyk. Us mem stjoerde mei gauris om in boadskip.

 Ik hie der ek myn earste baantsje. Brocht op woansdeitemiddei reklamefolders rûn. Letter holp ik oars ek wolris. Mei it oanfullen fan de sigarette- en sigarekast. Of mei it sortearjen fan de lege flessen, doe allegearre noch fan glês. Anne, de drokke winkelman, kaam der net altyd oan ta. Of hy wie der jûns let noch mei dwaande, dat koene wy op de buert allegear wol hearre. 

De winkel hie ek in lytste boartersguodôfdieling, eins mear ien of twa planken. It siet wat ferskûle. De winkelbaas sels stie eins altyd achter de toanbank. Hy hie der net goed sicht op. En dêr leinen ynienen moaie lytse auto’s. Ik hie sels sa’n garaazje om mei te boartsjen. Mei in lift en ferskillende etaazjes. Dêr soene se moai yn passe. Mar ja, ik moast it jild fan de folders altyd by mem ynleverje. Dêr mocht ik twa kear yn it jier wat gruts fan keapje mei de Gordykster merk. Dat duorre my dit kear krekt wat te lang. En foar’t ik it yn de gaten hie, siet der sa’n autootsje yn myn jasbûse. Ik tink in gielen ien, dat wie myn favorite kleur. Ik ha der lang mei boarte, miskien leit it autootsje noch wol op ‘e fliering. Ik kaam winkelman Anne efkes wat minder ûnder eagen. Wist duvelske goed dat ik mis siet. 

Nuver net, dat krekt dit no yn my opkomme moat. Soe it OM der noch wat mei dwaan? Soene jim, lêzers, no oer my hinne falle? Mei meldingen fan froulju sil it wol wat tafalle. Ik wie as jongfeint wat dat oanbelanget in skiep. Yn ‘e holle ta hiel wat yn steat en de mûle o sa grut, mar yn de praktyk....

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Jonge wagenbouwers: Welkom in Europapa Cultuur 54 minuten geleden
Afbeelding
Ons eigen fotomodelletje Column 1 uur geleden
Afbeelding
Jubbega houdt vast aan beleid: einde seizoen Sport 2 uur geleden
Afbeelding
Kijk live: Lintjesregen in Opsterland Algemeen 5 uur geleden
Afbeelding
Opsterlandse pick-up gaat naar Oekraïne Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: de framedrums van Saffraan Cultuur 5 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: zwembad De Delte opent zaterdag Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Opsterland plaatst kraamverblijven voor vleermuizen Nieuws 25 apr, 08:20