Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Ambysje

Column

Ik sil fêst wol net de iennige wêze dy’t op freedtejûn útteld is. De fêste jûn op de bank. Efkes klear mei alles wat moat. Dêr ha se earder it wykein ek foar útfûn, wol ik leauwe. Mar it wie Peaske, in pear dagen frij om nije enerzjy op te dwaan. Ynspiraasje wie der genôch. Saterdeis seach ik jonge kuorballers dy’t striden om in plakje yn de finale om it Nederlânsk kampioenskip. Mei fanatike supporters op de tribune, âlders yn spanning en in bulte lawaai. Ik jou it je te dwaan, mar it is slagge. 

Letter op de dei wiene wy yn Eindhoven. Yn it hotel jonge sporters út in ferskaat oan Europeeske lannen. Fol ambysje om te striden om de Europeeske jeugdtitel squash foar teams. Yn it sentrum ieten wy mei in studint dy’t klear is foar syn staazje. Al dy teoretyske kennis einlings yn de praktyk bringe. Hy kin net wachtsje. 

It wie prachtich waar, de terassen koene iepen. Der wie omraak folk op de baan. En dochs wie in part fan de terrassen ticht. En dan binne wy wol sa, dat wy graach efkes witte wol wêrom’t dat sa is. It antwurd fan de baas wie ek dúdlik: gjin minsken om te betsjinjen. De hoareka-ambysje leit by de jongerein mear oan de oare kant fan de taap as derachter. 

Dat it ek oars kin learden wy yn in kroechje op Stratumseind, it útgeanssentrum fan Eindhoven. De kroechbaas hie alle tiid foar ús. Hie earder yn it ûnderwiis sitten, mar hie no in eigen kroech. Mei by ieder bier in moai ferhaal. Hy wist wat hy woe en hie syn dream en ambysje útkomme litten. 
Yn de rin fan de jûn begûn de enerzjy wer fol troch de ieren te streamen. Al dy ynspiraasje fan sa’n peaskewykein docht in minske goed. Je fiele je wer jierren jonger.

Wy bedarren sels yn in ‘silent disco’. Foar my wat nijs: dûnsje yn in romte sûnder lûd. Elk hie in koptillefoan op mei kar út trije kanalen: read, grien as blau. Je koene sjen wa’t deselde muzyk belústere. De ambysje om mei te sjongen en te dûnsjen koe ik noch mar krekt ûnderdrukke. Dêr wie de rest fan it selskip it wol mei iens.

Arend Waninge

Meer SA!

Fenna de Vos in de showroom aan de Bûtewei.
Fenna over het belang van passende lingerie Ondernemen 19 uur geleden
Rudy Van Den Broeck en Marijke Dierick van Appels Korfbalclub vermaakten zich prima in Jubbega.
Belgische korfballers genieten in Jubbega Sport 19 uur geleden
Christiaan Schipper
AI in hypotheekadvies: samen sterker Column 20 uur geleden
Afbeelding
Sonsorloop jeugdspelers bij Heerenveen Sport 23 uur geleden
Afbeelding
Fries Fondsen Forum in Gorredijk Nieuws 23 uur geleden
Afbeelding
Nieuwe speeltuin in Katlijk geopend Nieuws 23 uur geleden
Joop Gall was zaterdag voor de laatste keer als trainer actief voor Jubbega.
Jubbega uit competitie: 'Binne der net grutsk op' Sport 17 apr, 17:03
Jubbega speelde afgelopen weekend tegen Blauw Wit '34 de laatste wedstrijd van het seizoen
Jubbega trekt eerste elftal terug en degradeert Sport 17 apr, 12:20