arend column 2
arend column 2 Nel Wierenga

Tichterby

Column

Snein mar ris in dei deropút. Middeis in famyljegearkomste yn Drinte. En it wie sok moai waar, wy woenen earst mar earne healwei in ein te kuierjen. Underweis fernuveren wy ús oer de prizen by de tankstasjons. Der siet nochal wat ferskil yn, mar heech wiene se oeral. 

De striid yn Oekraïne is noch mar in goeie wike los, mar wat is der yn in pear dagen al in ôfgriselike soad kapotmakke. Hiele stêden lizze yn pûn, mar noch wichtiger is wat de minsken oandien wurdt. Hjir ûnderfine wy mei elkoar noch jierrenlang de gefolgen fan. Ik bin stoppe om alle oeren te sjen wat der no wer bard is. Dat waard my te bot. Dan stelt alles wat wy by de ein ha ek neat foar. Mar sa is it fansels net, wy moatte hjir ek troch. No twa of trije kear deis in update kin it my wol dwaan. It bliuwt like slim. It set je al genôch oan it tinken.  

Wy setten de auto del op de Havelterberg. In moai plak foar in pear oeren rinnen. Sa’n fyf-tjin kilometer troch bosk en oer heide. Mei it sintsje derby wie it noflik, yn de wyn noch ferrekte kâld. Wy hienen der op foarhân net by stilstien, mar we kamen al rillegau op oefenterrein fan definsje. Op snein wie it wol fertroud. Mar op oare dagen fleane de tanks en pantserweinen hjir fansels troch it sân. De route brocht ús ek by de kazerne. It wie der rêstich. Stilte foar de stoarm? Je moatte der net oan tinke. Yn de jierren tachtich, op de middelbare skoalle, hiene wy folop diskusjes oer de krúsraketten. ‘Liever een raket in de tuin dan een Rus in de keuken’, klonk it. Ik kom út in wat oar nêst en hie in NAVO-sticker op myn skoaltas. It Izeren Gerdyn klonk fier fuort mar lei in stik tichterby as de grins mei Oe- kraïne. It muoit ús no folle mear, de wrâld is yn alle opsichten lytser wurden. 

Oan it ein fan de dei, nei in lekker miel iten mei famylje, riden wy wer op hûs oan. By deselde tankstasjons del. Der wie yn in heale dei sân sinten de liter bykaam.

Arend Waninge 

Meer SA!

Trainer Joop Gall begrijpt weinig meer van de ontstane situatie bij Jubbega en ziet weinig kans om het seizoen op een sportief correcte manier af te maken.
Volop vraagtekens over positie Jubbega Sport 4 uur geleden
Tet en Ben Leenman waren maandag zestig jaar getrouwd.
Tet zag ineens een leuke keeper Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Woningbouw op 'rotte kies' in Gorredijk Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Renovatie sporthal Kortezwaag jaar vertraagd Nieuws 21 uur geleden
Afbeelding
Grindpalen als fundering onder wegen Nieuws 22 apr, 14:14
Afbeelding
Meidendag bij voetbalvereniging ODV Wijnjewoude Sport 22 apr, 14:13
Afbeelding
Langezwaag laat zege in slotminuut glippen Sport 21 apr, 17:04
Xander Wagenaar omspeelt de doelman en is op weg naar één van zijn drie doelpunten tegen Franeker.
RWF zet met ruime zege opmars voort Algemeen 20 apr, 19:35