Afbeelding
Krielhuske ‘Boartsjendewei in taal derby’ 1

In taal der by foar It Krielhûske

Nieuws
Pjutte-opfang It Krielhûske yn Terwispel krige foarige wike it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’. It sertifikaat foar twatalich wurkjen waard troch wethâlder Libbe de Vries oerlange oan pedagogysk meiwurkster Grytsje Nijhof en Bernadet de Vries.
Sûnt de maitiid fan 2018 wurket pjutte-opfang It Krielhûske mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dit waard fierd. Nei it gewoane pjutteprogram kaam Riemkje Pitstra mei de ferteljas oan om in ferhaal te fertellen oer Tomke dy’t nei It Krielhûske giet. Dêrnei oerlange de wethâlder it sertifikaat. Hy fûn it bysûnder om op dizze lokaasje te wêzen omdat de pjutte-opfang fêstige is yn de skoalle dêr’t hij sechtjin jier learkrêft wie.
It Krielhûske is de twadde lokaasje fan Kinderopvang Esther dy’t it sertifikaat behelle hat. Ek de oare pjuttelokaasjes bin hjirmei dwaande. It twatalich belied bestiet der út dat de pedagogysk meiwurksters konsekwint it Frysk oanbiede. It Nederlânsk wurdt brûkt foar ôfbeakene taalaktiviteiten, lykas foarlêzen en sjongen. Troch de talen dúdlik te skieden, leare bern se goed út elkoar te hâlden wêrmei se op lettere leeftyd makliker nije talen leare.

Meer SA!

Afbeelding
Speuren naar verhaal achter foto in De Skâns Cultuur 7 uur geleden
Aanvoerder Remko Dam verzendt een pass.
Read Swart-aanvoerder Dam: 'Wy ha sa gau mooglik punten nedich' Sport 11 uur geleden
Afbeelding
Fietsend langs Smallingerlands geluid Cultuur 11 uur geleden
Arend Waninge
Moai span Column 13 uur geleden
Anouk van der Meer in NoSa!
NoSa!: 4 mei, zelfoogsttuin, jong kaptalent en een oceaanonderzoeker Nieuws 16 uur geleden
Commissaris van de Koning Arno Brok en schapenhouder Martin Reitsma. Op de achtergrond burgemeester Andries Bouwman en Albert van der Ploeg (LTO).
Brok bezoekt onder druk staande schapensector Nieuws 18 uur geleden
Frank de Vegt en Sietze Boonstra bij een verdeelstation, achter hen de transformator.
Groen Oerrock is voorloper in Nederland Cultuur 7 mei, 17:20
Iris Overwijk en haar moeder Alie onthullen het monument bij de brug over de Heafeart.
Eigen monument voor wapendropping Nieuws 7 mei, 10:48