Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Moai span

Column

Wy moatte wat better om elkoar tinke. Dat ha wy it ôfrûne wykein by de 4 maaiebetinkingen en de 5 maaiefieringen wer ferskeidene kearen hearre kinnen. Der is neat mis mei dat ús dat geregeldwei ris efkes ûnder de noas wreaun wurdt. 

Want yn it jachtige bestean fan hjoed-de-dei ferjitte wy elkoar noch wolris. Wy nimme faak net de tiid om ús te ferdjipjen yn wat de oar no krekt wol, hoe’t de oar yn elkoar stekt en wêrom in oar docht wat hy of sy docht. We lûke leaver fuort ús konklúzjes, geregeldwei op basis fan foaroardielen of ûnkunde.

Doe’t ik sneintemoarn de flagge oan de foargevel stuts, liet ik alles wat ik 4 maaie heard hie nochris yn my omgean. En doe seach ik ynienen oan de oare kant feart sa’n moai tafreeltsje. Op de reed op de polderdyk draafden se der wer, it hynder en de pony. Yn alle ienriedigens, wylst se krekt sawat yn alles ferskille. 

It Fryske hynder moai swart, de pony wat rûcher brún. It hynder draaft mei graasje. De pony mei de koarte poatsjes kin mar amper meikomme, mar probearret it alle kearen mar wer. De pony kin mei gemak ûnder it hynder trochrinne, it is in prachtgesicht. 

En ek al binne se sa ferskillend, se binne yn de rin fan de tiid in moai span wurden. Wy moatte faak om harren glimkje, it sjocht der sa moai koddich út. De beide bistjes binne dikke freonen wurden. Ynienen komt my de giele krokus en de wite hyasint fan Dorus yn’t sin. Ek sa’n pareltje. Wat wie de man de tiid doe al fier foarút, al wie it doe noch foaral de tiid dat ferskillende religies yn ús lân sa by elkoar del libben. Hy stikele it publyk op in prachtige wize. 

De giele krokus, de wite hyasint. It swarte hynder, de brúne pony. Soenen se wol yn de gaten ha hoe’t harren freonskip ta foarbyld tsinje kinne yn ús sa bysûndere mienskip? 

Arend Waninge

Meer SA!

RWF viert de handhaving in de derde klasse na de zege op Twijzel.
RWF na nipte overwinning op Twijzel veilig Sport 18 mei, 16:54
Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 18 mei, 07:41
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport 17 mei, 16:00
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 17 mei, 13:46
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 17 mei, 12:30
Afbeelding
In het zonnetje! Column 17 mei, 12:23
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 17 mei, 11:37
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 17 mei, 11:31