Afbeelding
arend column 2

Oplette blinder

Column
Ik siet moandei einlings wer ris yn de riedseal op De Sweach. It wie lang lyn dat de gemeenteried dêr fergadere. Troch corona moast it mear as in jier digitaal. Dat wie neat mei neat. Echte diskusjes kamen amper op gong. En it wie foar riedsleden hiel dreech om elkoar ris echt yn de bek te hingjen. Mar ja, it koe net oars. No wol, de riedseal is ferboud. Elk sit no wol op in oar plak. Op foldwaande ôfstân of mei in plestik skotsje oer de tafel. De riedsleden wiene der lykwols bIiid mei. Ik ek. Want foar en nei de fergadering hearre je meastentiids it meast. Ik bin sljocht op de wandelgangen.
As sjoernalist ha ik myn eigen plakje yn de seal. Dat hie ik earder ek al, mar der is in grut ferskil. Doe siet ik net yn byld. No al! Ik moat oppasse, foaral as de VVD it wurd kriget. Dêr sit ik rjocht achter. Dy VVD’ers ha oeral wat op te sizzen, dat ik moat skerp bliuwe. Net te folle meneuvels meitsje of blike litte at ik fyn dat der ûnsin útkreamme wurdt.
Wethâlder Libbe de Vries hie noch net krekt troch hoe’t de nije sitewaasje wurke. De fergadering sette moandei al om fiif oere útein, dat wy krigen nei in oere wat fruit taskikt. Om net te roppich yn de mage te wurden. Doe’t syn kollega Postma oan it wurd wie, behaffele De Vries syn banaantsje. Fol yn byld. Mar hy die it netsjes. Slikke de fingers suver beskaafd efkes ôf.
Mar ik sil tenei derom tinke dat it hier wat kreas is, ik skeard bin en wat rjochtop sit. Want jim moatte dochs wol it idee ha dat ik myn wurk serieus doch.
 

Meer SA!

Afbeelding
Speuren naar verhaal achter foto in De Skâns Cultuur 3 uur geleden
Aanvoerder Remko Dam verzendt een pass.
Read Swart-aanvoerder Dam: 'Wy ha sa gau mooglik punten nedich' Sport 7 uur geleden
Afbeelding
Fietsend langs Smallingerlands geluid Cultuur 7 uur geleden
Arend Waninge
Moai span Column 9 uur geleden
Anouk van der Meer in NoSa!
NoSa!: 4 mei, zelfoogsttuin, jong kaptalent en een oceaanonderzoeker Nieuws 12 uur geleden
Commissaris van de Koning Arno Brok en schapenhouder Martin Reitsma. Op de achtergrond burgemeester Andries Bouwman en Albert van der Ploeg (LTO).
Brok bezoekt onder druk staande schapensector Nieuws 14 uur geleden
Frank de Vegt en Sietze Boonstra bij een verdeelstation, achter hen de transformator.
Groen Oerrock is voorloper in Nederland Cultuur 7 mei, 17:20
Iris Overwijk en haar moeder Alie onthullen het monument bij de brug over de Heafeart.
Eigen monument voor wapendropping Nieuws 7 mei, 10:48