arend column 2
arend column 2 Nel Wierenga

Harm

Algemeen

Ynienen seagen alle eagen nei Harm. Hy sit eins noait om wurden ferlegen, mar woansdei yn de rin fan de jûn waard it yn de lobby fan it gemeentehûs al in bytsje stiller by Harm de Jong en syn kompanen. Stimburo nei stimburo, útslach nei útslach waard it dúdliker dat de FNP foar in daverjende ferrassing soargje soe by de riedsferkiezings yn Opsterlân. It reinde stimmen. 

En dat wie de party net wend. Yn Opsterlân kaam de FNP nea fierder as ien sit, meastal ek noch mei de hakken oer de sleat. Hoe oars is it no, de FNP is ynienen de twadde partij. En dy grutte Harm fan De Tynje fernaam it fuortdalik. Alle partijen kamen al by him del en syn tillefoan makket oeroeren.  

Harm kaam in pear jier lyn earder yn de ried as dat hy  rekkene hie. Syn foargonger moast in stapke werom dwaan en doe seach de hiele Opsterlânske FNP nei Harm. Stap foar stap fûn hy syn paad. Hieltyd faker oppenearre hy him. Alle riedsleden meie him wol lije. Hy hat meastentiids besteklik praat, kin syn ideeën goed ûnder wurden bringe en hy hat humor. En at Harm it net wit, seit hy dat gewoan. Harm is net  in man dy’t der dan mar wat omhinne praat. 

En doe’t de Lelyline en it Deltaplan op tafel kamen, fûn hy syn ûnderwerp. It hat fertuten dien. Harm hat bewust of ûnbewust de oare partijen in kursus kampanjefieren jûn. Al hie net ien dat earst yn de gaten. Dy Lely- line, dat spoar, dat wie noch sa fier fuort. Mar hoe tichterby 16 maart kaam, hoe dúdliker de sinjalen waarden. Harm hie in ferhaal. Harm makke in ferskil. Wêr’t oare partijen it dreech hiene om harren te ûnderskieden, slagge dat Harm mei syn team dus wol. Syn boadskip kaam oan. Fan ien nei trije sitten is knap, seker yn Opsterlân wêr’t de ferskowings measten- tiids net sa grut binne. 

En no sjocht elk nei Harm. Mar ôfrûne wykein wie der earst karnaval op De Tynje. En dêr koe doarpsman Harm fansels net ferstek gean litte. Der wie in feestje te fieren.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Collega's Column 2 uur geleden
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 3 uur geleden
Afbeelding
'Wy meitsje fan in event in belevenis' Ondernemen 3 uur geleden
Elina Dijkstra en Ineke Beeksma over 4 mei in Ureterp
NoSa! over 4 mei-herdenking in Ureterp Nieuws 4 uur geleden
Afbeelding
Prehabilitatie Column gisteren
Afbeelding
Op 4 mei: indringend muziektheater in De Skâns Cultuur 2 mei, 09:16
Afbeelding
WK-titel beachkorfbal Sport 2 mei, 09:15
Het kampioenselftal van Oerterp dat in 1976 naar de derde klasse van de KNVB promoveerde.
Voetbal: Zwart-wit Presto werd blauw-wit Oerterp Sport 2 mei, 09:12