Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Fernuverje

Column

Nijsgjirrich bliuwe en jin fernuverje oer minsken en saken. Dat hâldt je skerp. Goed om je hinne sjen is ek sok moai wurk. 

Sa siet ik ôfrûne wike yn in fol Martiniplaza. Nick en Simon songen ferskes fan Simon and Garfunkel. Dat diene se goed, hiel goed. Al hie net alleman der fol de oandacht by. Want alle kearen as se oan in nij liet begûnen, seach ik rûnom de tillefoantsjes omheech kommen. Alles moast wol fêstlein wurde fansels. 

De tiid dat it ferbean wie om foto’s of filmkes te meitsjen hat west. Dêr lústert yn dit lân dochs net ien nei. Dan binne der ek noch guon dy’t dy filmkes gewoan op YouTube sette. Mei in ferfoarme lûd en fan fier ôf ûndúdlik filme. Eins is it gewoan in mislediging foar de minsken op it poadium. We dogge mar. Ik hie in moaie jûn, mar ik fernuvere my al.

In dei letter skarrelden wy troch Ljouwert, krekt as al dy beammen. In alderaardichst gesicht. It wie de dei fan de blomkesmerk. In oar soart folk as by Nick en Simon. Hjir wiene minsken dy’t haren slach slaan woene. It tilde yn it sintrum op fan de bloeiende planten. Taret mei karkes of lange stokken om de tassen fol planten oan te hingjen. 

Der wiene ferkeapers mei likefolle kleur op de earmen en yn de nekke as op de blomkes dy’t se ferkochten. En der wiene ferkeapers dy’t de blomkes op de kleppe fan de wein as yn in âlderwetsk boelguod oan de man brochten. Sterke ferhalen, skerpe prizen. Planten dy’t gewoanwei foar 12,50 euro ferkocht wurde, giene no foar fiif euro fuort. En dan krigen de minsken der ek noch twa op ta. Net te leauwen. It publyk wie samar om. Hjir wachten se op. As miggen op farske stront. Ik ha my fernuvere. 

En sneintejûn seach ik foar de twadde kear dizze wike wat it ferlies fan in finale docht mei supporters. Yn De Haach kamen se it fjild op. Fansels mei de kapusjon op en in sjaaltsje foar de snút. Unherkenber. En dat fernuvere my no krekt wer net. 

Arend Waninge

Meer SA!

Een fel duel tussen Jesse van den Broek(links)  en Lars Klijnstra van Gorredijk.
Revanche Gorredijk op Oerterp: 4-0 Sport 5 uur geleden
Voorzitter Wim Kunnen van v.v. De Sweach
Sa! Sport: Leden van De Sweach kiezen voor zaterdagvoetbal Algemeen 12 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: vrede, kunst en optredens in Nij Beetster kerk Cultuur 27 apr, 13:45
Feitze Dijkstra.
Feitze: 'Laat de natuur lekker haar gang gaan' Nieuws 27 apr, 09:31
Afbeelding
Sa! Sport: Blue Boys, De Sweach, ODV en tennisclub Lauswolt (video) Sport 27 apr, 08:54
Sietske Dijkstra en burgemeester Andries Bouwman.
Lintje voor Sietske Dijkstra Nieuws 26 apr, 18:54
Burgemeester Andries Bouwman en Theo van Kan.
Lintje voor Theo van Kan Nieuws 26 apr, 18:53
De net onderscheiden Freddy de Marchant et d’ Ansembourg met zijn vrouw.
Een Lintje op Harinxmastate Nieuws 26 apr, 18:51