Rjochts it kafee fan Hiske en lofts it kafee fan Hendrik Hofstra. Foto fia Aukje de Roos.
Rjochts it kafee fan Hiske en lofts it kafee fan Hendrik Hofstra. Foto fia Aukje de Roos.

FB-site Historisch Terwispel: ‘Wy meie graach wat útsykje’

Algemeen

TERWISPEL It moaiste wat hy der sels op set hat? “Dat is de foto fan Jan en Loltsje Voolstra.” De foto wie it resultaat fan in wiidweidige syktocht dy’t Hindrik Liemburg ûndernaam. En sa bin der noch wol mear moaie opdjippe ferhalen en foto’s boppedriuwen kaam op de populêre Facebookside Terwispel Histoarje.

It wie Hindrik opfallen dat in soad doarpen in Facebookside oer it ferline ha. Soks soe ek moai wêze foar Terwispel, wêr’t hy syn jeugd trochbrocht. “Ik bin der sels al fyftich jier wei. Foar my is sa’n side dan ek in stikje histoarje.” Hy hifke Jelle Hofstra, ek âld-Terwispeler. Tegearre setten se yn novimber 2019 útein mei Terwispel Histoarje. De Facebook-side hat no al 634 leden. “Foaral âld-ynwenners of minsken dy’t nijsgjirrich binne nei wêr’t de famylje wenne hat.” 

Ek de behearders fan de side binne meast Terwispelders om utens. Neist Hindrik (Britsum) en Jelle (De Gordyk) binne dat Gosse van der Plaats (Dokkum), Atte Jongstra (Amsterdam) en Janco van der Werf (Terwispel). Wêrom eins sa’n histoaryske side? “Ik bin berne op Damslûs. Terwispelders fan no witte faak net wêr’t dat is. De ôfrûne fyftich jier is der in soad feroare en is der in protte weiwurden.” 

Sa komme we dan op it ferhaal fan Jan en Loltsje. Sy wennen ea oan it Skeanpaad, in eintsje efterút. “Ien fan de leden frege: ik soe noch wolris in foto fan Jan en Loltsje sjen wolle.” Hindrik gie op syk, it pear hie gjin bern en it wenninkje wie al lang fuort. De side graftombe.nl, mei dêrop in foto fan harren grêf, brocht diels de oplossing. “Doe ha ik Hindrik Span fan de tsjerke belle, hy wist dat de grêven al lang romme wienen, mar mei syn help kaam ik wol by famylje telâne.” En sa koe Hindrik Liemburg de fraach beänderje mei in troufoto fan Jan en Loltsje. “No sykje ik noch in foto fan harren wenninkje.” 

Terwispel Histoarje lit eigen unike foto’s sjen, mar wol ek graach útfine wa’t of wat der op dy foto stiet. De antwurden fan leden leverje faak in skat oan ynformaasje. In soad út it ferline liket ferdwûn, oant der in oant no ta ûnbekinde foto fan opdûkt yn de groep. En sa moat der noch wol mear lizze, by beppe op souder of yn dy doaze âld guod dy’t noch útsocht wurde moat. “Der sille grif ek noch foto’s wêze fan de twa wennings dy’t ea midden yn it lân oan de Ald Dyk stien ha. 


Wêr hat dit Lokaal Bethel stien? 

In foto fine fan it evangelisaasjegebou op de Mouwewei soe wolkom wêze. Allinnich al mei foto’s fan huzen dy’t de lêste 75 jier ôfbrutsen binne, kin men in album folmeitsje.” De leden moat it sels dwaan, seit Hindrik. “En der leit noch genôch. It is wol ús hobby om dingen út te sykjen.” Moai fynt hy de searje dy’t Gosse van der Plaats makke oer de Mouwewei eartiids. “Dat soenen mear minsken dwaan moatte. De fraach dy’t no ús oandacht hat, is: wêr hat lokaal Bethel yn Terwispel stien en hokker tsjerkestreaming makke dêr gebrûk fan?” 

Reaksjes: Hindrik Liemburg, hfdp@kpnmail.nl as 06-3017 3425.

Meer SA!

Kinderburgemeester Mirre Kanters en burgemeester Andries Bouwman hebben net de krans gelegd in Beetsterzwaag
Liefde staat op 4 mei centraal in Beetsterzwaag Nieuws 3 uur geleden
Johan van der Veen viert de 1-0 in het thuisduel tegen TLC.
Prima eerste helft levert ODV zege op Algemeen 19 uur geleden
Afbeelding
Duur verlies RWF in strijd tegen degradatie Sport 19 uur geleden
Afbeelding
EU-debat in Gorredijk Algemeen 4 mei, 11:05
Kapster  Anouk van der Meer
NoSa!: de jonge talentvolle kapster Anouk Nieuws 4 mei, 10:56
Oerterp-trainer Freerk Brouwer houdt zijn spelers nauwlettend in het oog.
Oerterp gaat voor kleine kans op periode Sport 3 mei, 16:00
Afbeelding
Collega's Column 3 mei, 12:20
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 3 mei, 10:33