Afbeelding
arend column 2

Nei tsjerke

Nieuws
Ik bin earlik, ik kom net alle wiken yn it tsjerke. Mar dit wykein wie it twa kear raak. Ik bin der neat minder fan wurden.
Omdat der in bingo yn it doarpshûs wie, namen wy freedtejûn Sa! yn Petear mei Langsweagen op yn ’t tsjerke. It wie wer ris wat oars. En sneintemoarn mocht ik yn it tsjerkje fan Koartsweagen de Preek van de Leek fersoargje. Ik ha fûleindich preke, as wie ik al jierren dûmny. Ik preke wol foar eigen parochie. It gie oer de Sa!, de lokale media yn it algemien en mysels. Foar in karriêreswitch sil myn bibelkennis wol tekoartsjitte, mar foar in kear wie it in aardichheid.
Yn beide tsjerken stride frijwilligers foar it behâld fan de tsjerke. Yn Koartsweagen foar it gebou, der wurde gjin tsjinsten mear hâlden. Yn Langsweagen is dat noch wol it gefal, mar stiet de tsjerke letterlik en figuerlik midden yn it doarp. Wol de tsjerke oerlibje, dan moat de tsjerke meidwaan oan it doarpslibben, sa fine se dêr. Ik krige der fuort in waarm gefoel by. De tsjerke net allinnich foar de tsjerkegongers, mar foar it hiele doarp. En wa’t jout, kriget ek wer werom. It moaie is dat se oer de grinzen sjogge, der is in soad mooglik.
Sa kaam de koster yn Langsweagen, doe’t wy dien wurk makke hiene, mei bier op it aljemint. Wa hie dat no yn it tsjerke ferwachte? En it wie net iens samar bier, mar Tsjerkebier fan Fryske grûn. Ferskillende smaken mei prachtige nammen as Skynhillige, Lichte Preek, Swiere Dûmny en de Pûstertraper. Oan tafel skôgen wy de wrâld noch ris rêstich oer. Mei dit bier doarden wy it wol oan. It smakke ús as in preek yn in âlderling.
 

Meer SA!

V.V. Oerterp heeft momenteel 410 leden, een recordaantal.
Oerterp wil graag kunstgrasveld Sport 10 uur geleden
Het team van Primera is bezig met de voorbereidingen voor de opening van de winkel.
Primera Gorredijk wil met nieuwe winkel verrassen Ondernemen 14 uur geleden
Arend Waninge
Lig ik te slapen? Column 18 uur geleden
Afbeelding
Nieuw contactpunt Elkien in Gorredijk Nieuws 21 uur geleden
Afbeelding
Volgende stap ontwikkeling locatie De Trime Nieuws 21 uur geleden
Afbeelding
De mooiste kleurplaten beloond Cultuur 21 uur geleden
Afbeelding
Rebecca zingt met Elly Cultuur 21 uur geleden
Paulus de Jong en Thies Nicolai.
Paulus de Jong nieuwe dirigent 'Spikers' Cultuur gisteren