Harm de Jong.
Harm de Jong. Harm de Jong.

Ynstjoerd: Mienskippen en demokratyske prosessen…..

Ingezonden
Foarige wike stie yn dizze krante in ynstjoerd stik fan ‘farsk’ riedslid Marco Veenstra fan D66. Hy makke him hjir drok oer it ‘mienskipsbelied’.
It kolleezje fan B en W bepaalt neffens Veenstra wa de mienskip is en wa net. As foarbyld joech hy it proses rûnom de subsydzje-oanfraach foar Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN). Ek de FNP en ferskate oare opposysjepartijen binne hjir tige kritysk op, mar om no it mienskipstinken bûten de doar te setten, omdat dizze saak net útpakt sa as wy wolle, giet de FNP te fier. De FNP is bliid mei it wurd mienskip, tusken de ‘right to challenges’ en oare Ingelske modieuze termen. Wa dy mienskip is, dat is oan de demokratysk keazen ried, sels ek in ôfspegeling fan de mienskip. Dizze komt op in demokratyske wize ta stân, oer in pear moannen wer op ‘e nij! Ut de ried komt it kolleezje en dyselde ried kontrolearret har. Dat, mei dy demokrasy moat it wol goed sitte.
De mienskip sit fol ideeën, ferskate binne al yn ûntwikkeling, fan in MFA op De Tynje oant nije boartersplakken en fan it foarm jaan fan de húskeamer fan De Gordyk oant en mei plannen foar wenten foar Terwispel. Allegearre ûntstien út de mienskip komme sy telâne by it kolleezje en de ried, krektlyk as it projekt út Wynjewâld. Dizze projekten ha meastentiids yn it foar, gjin mearderheid. Faak giet it om in lyts groepke fan belutsen ynwenners, of in pleatslik belang. Op in aktyf doarp as De Tynje is de mearderheid fan de minsken net lid fan pleatslik belang. Om dan elts projekt ôf te dwaan as net demokratysk of net helber, giet ús te fier.
De FNP is wol wiis mei it ‘mienskipsbelied’. Oer de rol fan it kolleezje yn guon projekten binne wy, lykas D66, wis kritysk. Neffens ús mei der noch wol mear dien wurde om de inisjativen fan ûnderop earlike kânsen te jaan. Boppedat mei it kolleezje der neffens ús ek wol in stik pro-aktiver mei omgean! Foaral as it bestjoer it net mear wit, lykas it ferskuorrende tekoart oan betelbere wenten, wat is der dan moaier dat fan út de mienskip inisjativen komme om dyselde mienskip yn stân te hâlden!
Harm de Jong FNP Opsterlân
 
 

Meer SA!

D
RWF is na nipte zege op Twijzel veilig Sport 4 uur geleden
Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 13 uur geleden
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport 17 mei, 16:00
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 17 mei, 13:46
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 17 mei, 12:30
Afbeelding
In het zonnetje! Column 17 mei, 12:23
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 17 mei, 11:37
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 17 mei, 11:31