Afbeelding
Foto: Joke Schut

Tialda Hoogeveen nije Berneboeke-ambassadeur

Cultuur

DE GORDYK Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is freed by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. 

Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra út De Knipe op. Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden.”

Tialda Hoogeveen (Haskerdiken, 1974) is sjoernalist, redakteur en skriuwer. Om bern entûsjast te meitsjen foar boeken en ferhalen wurke se in tal jierren as Skoalskriuwer oan Fryske basisskoallen. Hoogeveen skreau ferskate boeken foar bern en folwoeksenen. Koartlyn fersoarge sy de Fryske oersetting fan it Oekraynsk printeboek ‘Maia en har freonen’ en ferskynde fan har hân ‘Abe en de Aardichman’, in ferhaal oer ferlies en loslitten, mei yllustraasjes fan Yke Reeder.

Meer SA!

Tijnje is in 5B de belangrijkste kandidaat voor het kampioenschap en promotie naar de vierde klasse.
Grote belangen in slotfase voetbalseizoen Sport 12 minuten geleden
Afbeelding
Jonge wagenbouwers: Welkom in Europapa Cultuur 3 uur geleden
Afbeelding
Ons eigen fotomodelletje Column 3 uur geleden
Afbeelding
Jubbega houdt vast aan beleid: einde seizoen Sport 5 uur geleden
Afbeelding
Kijk live: Lintjesregen in Opsterland Algemeen 8 uur geleden
Afbeelding
Opsterlandse pick-up gaat naar Oekraïne Nieuws 8 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: de framedrums van Saffraan Cultuur 8 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: zwembad De Delte opent zaterdag Nieuws 8 uur geleden