arend column 2
arend column 2 Nel Wierenga

It kontrast

Column

By de moarnsbrogge lês ik de Ljouwerter. Fêste prik. Al freegje ik my de lêste wiken al ôf oft dat noch wol sa’n goed idee is. Al dy oarlochsbylden en ferhalen kleurje de dei fuortdalik al wat minder fleurich as dat ik yn dizze tiid fan it jier eins de dei útein sette wol. 

Dat wie moandei net oars. De foto’s en bylden út Boetsja hiene yn it wykein al de earste skok brocht, by wa net? Mar no luts myn each hieltyd wer nei dy foto op side 5. In man leit midden op de dyk. Mei de fyts tusken de skonken. Underweis nei wit ik wat. Nei syn bern, nei syn mem, om medisinen, om boad- skippen? Mar ien ding is wis, hy sil der net oankomme. Hy is net fan de fyts sketten, mar mei fyts en al nei de bliksem holpen. Hy leit derby as soe hy sa wer trochfytse at immen him efkes oerein helpe soe. Mar sa is it net. It is de hurde realiteit fan de wrâld fan hjoeddedei.

Myn each falt ek op de strook ûnder oan dyselde side, mar fjirtjin rigels mear nei ûnderen. Ek de realiteit fan hjoeddedei. In adfertinsje fan effeweg.nl., moai mei fleurige oranje kleuren. Want ja, de earste frije feestdagen fan it jier steane foar de doar. De maitiid lûkt; wa wol der net in pear dagen tuskenút. Foar fiif of seis bankjes de man acht dagen nei de Alpen, nei Sûd-Ingelân of nei Barcelona. It kin allegear.  Je hoege mar te beljen of online te boeken. En om de lêste twifel fuort te nimmen, de reis is ‘met vertrekgarantie’. Der kin neat tusken komme. En noch in lokkerke: ‘boek zonder aanbetaling.’

It kontrast is grut. Europa wurdt net iens sa fier hjirwei oan pún sketten en wy binne dwaande mei fekânsjes. Ik wit it, je kinne net de ellinde fan de hiele wrâld op de nekke nimme. Dan ha je gjin leven en de problemen yn de Oekraïne wurde der net mei oplost. Wy moatte hjir ek troch. Mar dochs. It skjirret, it skrynt. Ik krij it mar net út de holle.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Kunsthuis SYB: Fries dada-erfgoed Cultuur 55 minuten geleden
Klaas en Engbert Frieswijk bij de Amerikaanse Greyhound.
'Dizze bus hat fan Boney M. west' Nieuws 3 uur geleden
Joop Gall en de spelers van Jubbega willen het seizoen afmaken en gaan daarmee in tegen het bestuur van de voetbalvereniging
Trainer en spelers Jubbega willen seizoen afmaken Sport 3 uur geleden
Afbeelding
Opsterland handhaaft verbod lelieteelt Nieuws 3 uur geleden
Fenna de Vos in de showroom aan de Bûtewei.
Fenna over het belang van passende lingerie Ondernemen gisteren
Rudy Van Den Broeck en Marijke Dierick van Appels Korfbalclub vermaakten zich prima in Jubbega.
Belgische korfballers genieten in Jubbega Sport gisteren
Christiaan Schipper
AI in hypotheekadvies: samen sterker Column 18 apr, 11:19
Afbeelding
Sonsorloop jeugdspelers bij Heerenveen Sport 18 apr, 09:02