Afbeelding

Film Stjer yn De Skâns

Cultuur

DE GORDYK Saterdei 1 oktober (19.30 oere) is yn De Skâns de film Stjer te sjen.

Yn de film wurdt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers folge. Nei alle suksessen fan De Hûnekop is hy in arrogante, egotrippende, narsistyske, frou unfreonlike, cocainesnúvende mispunt wurden. 

Ek hat hy Freddy fan strjitte plukt. Dizze swalker (Harm Bakker) docht allegearre putsjes foar him. Undertusken komme, ûnder fertochte omstannichheden, hieltyd mear artysten om. Geandewei docht bliken dat it om in searjemoardner giet, dy’t it op Fryske sjongers fersjoen hat. 

Resjersjeur Goaitske fan Goaitsen (Bertrie Wierenga) ûndersiket de saak en warskôget Emiel.

Emiel falt as in blok foar har. Yn reaksje op de driging fan de moardner bombardeert Emiel Freddy ta nije sjonger fan de Hûnekop. Emiel sels wurdt manager. Freddy ferstiet gjin Frysk en wit dus ek net wat der oan de hân is. Sok bedroch kin fansels net lang goed gean...

Entree: 5 euro. 

In kombinaasjeticket foar de film en it konsert kosten 15 euro.

skans.nl


.

Meer SA!

Oerterp-trainer Freerk Brouwer houdt zijn spelers nauwlettend in het oog.
Oerterp gaat voor kleine kans op periode Sport 25 minuten geleden
Afbeelding
Collega's Column 4 uur geleden
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
'Wy meitsje fan in event in belevenis' Ondernemen 5 uur geleden
Elina Dijkstra en Ineke Beeksma over 4 mei in Ureterp
NoSa! over 4 mei-herdenking in Ureterp Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Prehabilitatie Column 2 mei, 12:35
Afbeelding
Op 4 mei: indringend muziektheater in De Skâns Cultuur 2 mei, 09:16
Afbeelding
WK-titel beachkorfbal Sport 2 mei, 09:15