Afbeelding

De Lytse Prins as Opsterlânsk iepenloftspul

Cultuur

Bouke Oldenhof hat it boek bewurke foar iepenloftteater: in piloat is fêstrûn yn it bosk fan Sparjebird en is ferdwaald yn it libben; hy sjocht troch de beammen it bosk net mear. Al dy gelearde, grutte minsken dy’t o sa goed wisten wat goed foar him wie doe’t hy noch bern wie, ha derfoar soarge dat hy himsels folslein kwytrekke is. En dan samar ynienen is dêr de Lytse Prins… flechte fan syn asteroïde mei de apebreabeammen en de moaie, mar o sa brekbere roas. Hy nimt de piloat mei op in reis troch de stjerren. Dêr moetsje se de folwoeksenen dy’t har op ien of oare wize altyd wer te spot meitsje. De Lytse Prins wurdt neffens Elske in prachtige, muzikale foarstelling foar jong en âld.

It is it meast fertaalde boek út de Frânske literatuer. Skriuwer en piloat Antoine de Saint-Exupéry skreau yn 1943 ‘Le Petit Prince’, in poëtysk ferhaal dat sa’t it earst liket in berneboek is. “Mar de skriuwer hat ferskate djipsinnige en idealistyske boadskippen oer it libben beskreaun dy’t it boek ek poergeskikt makket foar folwoeksenen. Krekt dizze folwoeksenen krije geregeld in spegel foar de noas”, fertelt Elske Klooster. Sy regisearret it ferhaal takom maitiid as iepenloftspul ‘De Lytse Prins’ yn de bosken fan Sparjebird.

Ek foarsitter Anko Postma fan it Iepenloftspul Opsterlân hat wat mei dit ferhaal. “Ooit moest ik het boek op de middelbare school voor Frans lezen. En thuis hebben we veel met het stuk. We hebben het zelfs in 15 verschillende talen. In welk land we ook komen, overal zoeken we in een boekhandel naar een versie in de desbetreffende taal. Het is een heel fragiel en klein verhaal met een grote impact. En toch denk ik dat veel mensen het niet kennen.”

Audysjes

De audysjes foar ‘De Lytse Prins’ binne op saterdei 17 desimber (9.30-10.30 oere) foar jeugd oantemei 18 jier. Der wurdt spesjaal socht om in Frysktalich jonkje van 10-13 jier, mar famkes binne ek wolkom. Fan 11.00-12.15 oere binne der audysjes foar folwoeksenen. Der bin dit jier in soad mânlju nedich, mar froulju binne fansels ek wolkom. Fan 12.30-14.00 oere is der dan noch in audysje foar muzikanten en sjongers/sjongsters. De organisaasje wol graach in grutte gelegenheidsband formearje. De audysjes binne yn De Skâns op De Gordyk. De repetysjes sette yn jannewaris útein. iepenloft-opsterlan.nl

Meer SA!

Afbeelding
Jonge wagenbouwers: Welkom in Europapa Cultuur 2 uur geleden
Afbeelding
Ons eigen fotomodelletje Column 2 uur geleden
Afbeelding
Jubbega houdt vast aan beleid: einde seizoen Sport 4 uur geleden
Afbeelding
Kijk live: Lintjesregen in Opsterland Algemeen 7 uur geleden
Afbeelding
Opsterlandse pick-up gaat naar Oekraïne Nieuws 7 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: de framedrums van Saffraan Cultuur 7 uur geleden
Afbeelding
Weekendtip: zwembad De Delte opent zaterdag Nieuws 7 uur geleden
Afbeelding
Opsterland plaatst kraamverblijven voor vleermuizen Nieuws 25 apr, 08:20