
Ellen en The Queen
ColumnJe ha wachtsjen en wacht- sjen. At it op Schiphol efkes wat langer duorret, dan is dat in skande sûnder ein. Wylst yn Londen hiele kloften folk tsien oeren of langer wachten om ôfskied te nimmen fan harren keninginne.
Ik ha de ôfrûne wike in soad bylden út Ingelân sjoen. Mei fernuvering en mei respekt. Ik hâld wol fan tradysje en fan seremoanjes en dat kinne dy Ingelsen ferrekte goed.
At it goed ynfold wurdt, bin ik ek monargist. Fansels sit der nuvere en ûndemokratyske aspekten oan. En der binne keningen, sa as yn Marokko en Thailân, dy’t der in soadsje fan meitsje. Mar in rychje keazen presidinten dy’t mear mei harsels as mei it folk dwaande binne, is ek sa te meitsjen.
In keningshûs kin minsken by elkoar bringe. Los fan de polityk en troch jierren oanien in fêst baken te wêzen. De Ingelsen binne ynienen mâl mei Charles, wylst se noch net iens sa lang lyn neat fan him ha moasten. Hy hat aardich byleard. Syn taspraak yn Noard-Ierlân wie al fan betsjutting. Boppedat is de famylje ynienen folle iepener as yn it ferline. Sawat oeral wie in kamera by. Op YouTube binne hiele livestreams werom te sjen fan elke ûntfangst. Yn drege tiden is it keningshûs foar de Ingelsen in hâldfêst.
Sa as ek ús kening, en dêrfoar syn mem, op belangrike mominten der is. Fansels binne it ek mar minsken, dat sy ha ek rjocht op in flaterke sa no en dan. En wat kin ús kening oan- dwaanlik spyt ha.
It ôfskied fan The Queen rûn sawat lykop mei dat fan boargemaster Van Selm yn Opsterlân. Yn tal fan byienkomsten om har út te swaaien hat se hiel wat fearren op de hoed krigen. Foaral oer hoe’t sy mei minsken omgiet. Moandei, doe’t har ôfskied lykfoel mei dat fan The Queen, neamde ien har de Keninginne fan Opsterlân. Se sil sels as earste sizze dat dit tefolle ear is. Mar Elizabeth en Ellen litte beide wol sjen dat de minsk it ferskil makket. Yn welke posysje je ek sitte.
Arend Waninge