Afbeelding
arend-klein_DSC3276

Terras

Column
Ik koe my net langer ynhâlde. Op in kuierke tusken de middei bin ik by de brêge yn it sintrum fan De Gordyk efkes sitten gien op wat ea in terras hjitte. Bytsje ûndogensk wêze. It mei noch net, takom wike ek noch net of wol. It feroaret sawat mei de dei. Ik woe it gefoel wer efkes krije, hoe wie it ek al wer? No, it wie glûpende kâld. It liket al kriget it regear efkes stipe fan boppe. Terrassen iepen? Dêr is it hielendal gjin waar foar.
Ik ha noch wol efkes om my hinne sjoen oft der ek in wetterkanon yn de buert wie. Want in wiete broek, dêr hie ik mei dizze temperatueren fansels gjin ferlet fan. Mar De Gordyk is gjin Rotterdam en ús boargemaster is gjin Aboutaleb. Ik probearre de wrâld wat op in rychje te krijen, want wat bin wy yn dit lân oan it omgriemen. Der komme testeveneminten oan, dat jout hoop dat der meikoarten wer fan alles kin. Mar dan roppe de sikehuzen wer dat koade swart noch nea sa tichtby wie. Om oer de prikkerij noch mar te swijen.
Ik ha altyd grut betrouwen yn dokters, mar kin my goed begripe dat minsken dy’t in oprop krije der wol oan ha. De húsdokters ha it mar drok mei it oproppen fan minsken, wer ôfbeljen en dan wer oproppen. En dan mar ôfwachtsje wa’t der komt, wylst de kuolkast stiif fol sit mei faksin. Dan komt der krekt ien fan de húsdokters delriden. De auto fol. Soe hy as in molkboer no oan it suteljen wêze om fan de prikken ôf te kommen? Och hea, dêr komt syn kollega krekt fan de oare kante. Ek de auto fol. En wûnder boppe wûnder, se kinne ek noch tagelyk oer de brêge.

Meer SA!

Oerterp-trainer Freerk Brouwer houdt zijn spelers nauwlettend in het oog.
Oerterp gaat voor kleine kans op periode Sport 53 minuten geleden
Afbeelding
Collega's Column 4 uur geleden
Afbeelding
4 mei-herdenkingen in Gorredijk, Ureterp, Beetsterzwaag, Wijnjewoude en Tijnje Nieuws 6 uur geleden
Afbeelding
'Wy meitsje fan in event in belevenis' Ondernemen 6 uur geleden
Elina Dijkstra en Ineke Beeksma over 4 mei in Ureterp
NoSa! over 4 mei-herdenking in Ureterp Nieuws 6 uur geleden
Afbeelding
Prehabilitatie Column 2 mei, 12:35
Afbeelding
Op 4 mei: indringend muziektheater in De Skâns Cultuur 2 mei, 09:16
Afbeelding
WK-titel beachkorfbal Sport 2 mei, 09:15