Afbeelding
arend column 2

It Gat

Column
Us nije regear is los. Nei twa dagen debat yn de Twadde Keamer sil it no wêze. Op syk nei grutte oplossingen foar grutte problemen. En op syk nei betrouwen fan de boargers. Neffens ûndersikers is dat fier te sykjen. Mei tank oan de affêres, de lange formaasje en hoe’t politisy mei elkoar omgean. It wurdt noch in hiele heis, ferline wike lieten se yn De Haach net sjen al folle leard te hawwen.
De kommende moannen sil bliken dwaan oft it betrouwen yn lokale politisy grutter is. Mids maart binne der riedsferkiezingen. De lokale politisy dogge o sa harren bêst om it gat tusken polityk en boarger te tichtsjen. Om de sa faak beneamde krêft fan de mienskip te brûken, binne de lêste jierren hiel wat projekten opset dêr’t boargers de karre lûke meie.
Sa as op De Gordyk, wêr’t de mienskip al in pear jier dwaande is mei de takomst fan De Skâns en Sportsintrum Koartsweagen. It hâldt de minsken bot dwaande. Datselde jildt foar it ferkear yn de Haadstrjitte op De Gordyk. Nei in proef fan krapoan in jier, wol it kolleezje fan B en W definityf ta nei twa- rjochtingsferkear. Ek al sizze se derby dat krekt mear as de helte fan de minsken dy’t frege binne, eins graach werom wol nei ienrjochtingsferkear.
Oan de gemeenteried de kommende wiken de kar hokker kant it op moat. De ynhâld fan de diskusje en de besluten dy’t úteinlik naam wurde, sille wat dwaan mei it betrouwen fan de boarger yn de lokale polityk en de reewilligens om nei de stimbus ta te gean. Wurdt der lústere? Wurdt it krewearjen fan de mienskip wurdearre? Want wolle je de krêft fan de mienskip goed brûke, dan is it saak der ek goed mei om te gean. Mei foarôf dúdlike, ôfsprutsen spulregels. Dan kinne boargers dêr yn harren ferwachtingen rekken mei hâlde en bin je in diel fan de teloarstellingen nei de tiid foar.
Boargers ynskeakelje by belied moat altyd wêze. Mar at de gemeenteried net oppast komt it as in boemerang werom. En dan wurdt it gat tusken boarger en polityk net lytser, mar just grutter.
Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 1 uur geleden
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport 17 uur geleden
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 19 uur geleden
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 20 uur geleden
Afbeelding
In het zonnetje! Column 20 uur geleden
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 21 uur geleden
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 21 uur geleden
Afbeelding
Scott Woltering winnaar Lauswolt Open Sport 21 uur geleden