Afbeelding
arend column 2

Yn ‘e stoel

Column

De Geknipte Gast. Dat is in programma op tillevyzje, miskien kenne jim it wol. In bekende Nederlanner, hoe sil it ek oars, giet yn de kappersstoel sitten by Özcan Akyol, better bekend as Eus. Yn it be- gjin knipte hy dizze minsken mei de skjirre. No’t dat troch corona net mear kin, probearret hy se mei wurden te knippen. Dat slagget de iene kear better as de oare kear. Mar ik mei dizze man wol lije. Hy sparret syn gasten en ek himsels net. Ik soe ferline jier al ris mei him yn gesprek yn De Skâns. Mar dat wie pland doe’t wy noch gjin weet hienen fan it firus dat ús al sa lang pleaget. Wa wit komt it der noch in kear fan, it mei om my.

Ik moast oan Eus tinke doe’t ik saterdei yn de stoel sitten gie by de kapper dy’t al jierren myn hier docht. Hy kriget der hieltyd minder wurk fan, it prûkje wurdt tinner en tinner, de landingsbaan grutter en grutter. Myn kapper is gjin Eus. Hy is mei de mûle lang sa skerp net as mei de skjirre. Mar wy kinne it altyd goed pratende hâlde. Fansels gie it wer oer dat ferrekte firus. Hy hie nog gjin kertier lyn heard dat de kapperssaak oant mids jannewaris ticht moast. Al wer. Om moedeleas fan te wurden. Mar dat wie hy sa te hearren noch net. Mear berêstend. Miskien moast it nijs noch sakje. In lange net plande fekânsje. Wylst der dy deis ek al ferskeidene minsken yn syn stoel sieten dy’t tawurken nei in plande reis. Fier fuort of tichteby.
De kapper wist dat ik der ek efkes tusken út sil. Al mear as in heal jier lyn besprutsen. Mar hoe tichter de dei komt om fuort te gean, hoe beroerder it fielt. Seker no mei de lockdown. Ik gean al, mar it gefoel moat noch komme. Oant takom jier.

Meer SA!

Afbeelding
Prehabilitatie Column 11 uur geleden
Afbeelding
Op 4 mei: indringend muziektheater in De Skâns Cultuur 14 uur geleden
Afbeelding
WK-titel beachkorfbal Sport 14 uur geleden
Het kampioenselftal van Oerterp dat in 1976 naar de derde klasse van de KNVB promoveerde.
Voetbal: Zwart-wit Presto werd blauw-wit Oerterp Sport 14 uur geleden
Anouk van der Meer in NoSa!
NoSa!: 4 mei, zelfoogsttuin, jong kaptalent en een oceaanonderzoeker Nieuws 14 uur geleden
V.V. Oerterp heeft momenteel 410 leden, een recordaantal.
Oerterp wil graag kunstgrasveld Sport 1 mei, 19:26
Het team van Primera is bezig met de voorbereidingen voor de opening van de winkel.
Primera Gorredijk wil met nieuwe winkel verrassen Ondernemen 1 mei, 16:02
Arend Waninge
Lig ik te slapen? Column 1 mei, 12:09