Trochsetter

Hy wie in jier as 16 doe’t hy op Skiphol foar in wike ôfskied naam. It gie goed op skoalle, allinnich dat ferrekte Ingelsk. Dat woe mar net. It wie net allinnich syn probleem, der wiene der folle mear, mar de skoalle joech net al te bot thús. In wike yn Ingelân koe helpe. Letter stuts Jelke, leraar Ingelsk op in oare skoalle, ek de helpende hân ta. It die fertuten, hy helle it diploma.

Nei it vwo folge in Ingelsktalige stúdzje wiskunde yn Grins. Je moatte it mar oandoarre, mar ek dat slagge. Foar de masteroplieding kaam de Universiteit fan Eindhoven yn byld. En wie der ynienen corona, mei alle ellinde foar de studinten dy’t dêrby hearde. Online kolleezjes, alles siet op slot, gjn mooglikheid om yn de nije stêd in sosjaal libben op te bouwen. Nei in heal jier mar nei hûs. Dêr klearre it allegear wat op. Undertusken wol trochsette. Dat sit yn him, opjaan dêr hat hy in ferrekte hekel oan.

It twadde jier Eindhoven in nije start. No koe der ek wer fuotballe wurde. En om der hielendal yn te kommen waard hy foarsitter fan de studintefuotbalferiening, mei in pear hûndert leden. It koste tiid en frege aardich fan ynnimmen. Mar it joech ek in soad enerzjy. Noch efkes wie der twivel. Sil ik it wol dien meitsje? Alles besjoen en oertocht, mar it diploma helje wie dochs it bêste.

En sa stiene wy freed yn Eindhoven, om it ferdedigjen fan syn ôfstudearûndersyk by te wenjen. Wy hearden in ferhaal yn floeiend Ingelsk. Wa hie dat in jier as wat lyn tinke kind. Syn ferhaal gie oer it optimalisearjen fan de ynset fan minsken op fleanfjilden. Dat is ek syn nije baan. Ik ha net alles goed meikrigen. De gedachten dwaalden te faak ôf nei de ôfrûne jierren dy’t foar him net altyd like maklik wienen. Mar it trochsetten is beleane. Hy krige in 7,5 foar syn ûndersyk. Neffens syn grutske heit en mem en oare famylje hienen der wol twa punten by kind.

Arend Waninge