Foarbylden

No wit ik ek wer wêrom't ik net sa sljocht mear op it betelle fuotbal bin. Snein sette ik my op de bank foar de bekerfinale. Mei trije kuorren fol wask om op te tearen. Dat put- sje skoot myn frou my gauris ta at ik foar de tillefyzje sit. Ik fernuvere my hieltyd mear oer dy fuotballers. Dat lei net oan my, die bliken. Oeral waard skande sprutsen fan dy mannen. Piipje, krimmeneare, treiterje, skoppe, oanstelle en oer it fjild rolje fan komsa. De fingers wiisden de lêste wiken gregeldwei nei it gedrach fan ‘supporters’, mar dy spilers binne net in hier better. Wat in foarbyldgedrach. De skiedsrjochters en coaches by jeugdwedstriden sjogge alle wiken wat dit by de jonge fuot- ballers úthellet.  

It kin ek oars. As Sa! waarden wy woansdei troch de gemeente Opsterlân wer belutsen yn de útrikking fan de lintsjes. In prachtdei. Mei hiel folle bliere, ferraste en eins ek altyd beskieden minsken. Dat se in kenin- klike ûnderskieiding krije fine se faak prachtich, al freegje se harren ek faak ôf wêr't se it oan fertsjinne ha. En dat is meastal gjin falske beskiedenheid. Sa tinke se. Earst in oar, dan iksels. It binne de frijwilligers wêr’t in bulte oaren in foarbyld oan nimme kinne. Frijwilligers dy’t net witte wat nee-sizzen is. Dy’t ek al ha se it noch sa drok der altyd noch wol wat by dwaan kinne. Dit soarte minsken jout my altyd in bulte enerzjy. Wat ha ik dochs in prachtberop om dêr altyd mei de noas foaroan by te stean.

In kollega-krante oan de oare kante fan de provinsje helle rûnom it nijs troch de nammen fan de dekorearren te betiid nei bûten te bringen. Yn de rûn- gong troch de gemeente hie ik koffie, broadsjes, gebak en ek fiif tassen mei keninklike ûnderskiedingen yn de auto. My troch minsken op it gemeentehûs tabetroud. At ik no healwei de moarn ris in hiele oare route folge hie, dan hie ik ek oeral it nijs helle. Dat foarbyld ha ik mar net folge.

Arend Waninge