YNSTJOERD

Stroffelstiennen (2)

Yn 2014 binne wy úteinset mei de tarieding foar it lizzen fan stroffelstiennen foar de wennings fan Joadske ynwenners fan De Gordyk, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fermoarde waarden yn fernietigingskampen fan de nazi's. Der is in protte wurk foar fer- set; soks is net  samar foarelkoar. 

Yn desimber 2016 koe it projekt realisearre wurde. Wy mochten it foarmalich wen-winkelhûs fan de famylje Leefsma brûke foar ûntfangst fan genoadigden en belangstellenden. Boargemaster Van Selm spruts de oanwêzigen ta en keunstner Gunter Demnig wie persoanlik oanwêzich om de stientsjes te pleatsen. Oanwêzige neibesteanden wiene tige te sprekken oer hoe't it barren oarganisearre wie. Ien fan harren hie earst net safolle op mei stroffelstiennen. Mar yn it filmke dat Sa! doe makke, lit hy witte dat hoe't it op De Gordyk oppakt is, alle twifels fuorthelle. Hy komt sa no en dan noch wolris op De Gordyk en sjocht dan altyd efkes bij de stientsjes foar syn heit en mem. Wy ha nea earder krityk heard, allinne mar positive reaksjes. Alle jierren, meastentiids yn april, poetse wy alle stientsjes. Ek ôfrûne wike ha wy hjir wer mei dwaande west. Wy fine de krityk yn it ynstjoerde stik fan Henk Pots dan ek net terjochte.

Ieke de Vries en 
Cobi van der Velde
De Gordyk