Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

Bliid

Column

Wat ha jim my ferline wike bliid makke. Lange rijen by de stimburo’s. Der giene tûzenen minsken mear te stimmen as oars by provinsjale ferkiezingen. It liket derop. 

In wike as wat lyn ha ik op dit plak roppen dat de provinsje de kommende jierren wichtige besluten nimme moat. Oer bygelyks wenningbou, stikstof, natoer en enerzjy. En dat it dus goed wie om wol te stimmen. Op wa, dat moatte jim sels witte. 

No ha ik net de illúzje dat jimme allegear nei my lústere ha. Sa heech yn it krop ha ik it net, mar ik bin wol bliid mei de krêft fan de demokrasy dy’t ferline wike toand is. Ast it der net mei iens bist, dan moatst dy hearre litte. Sa is it. Net thús bliuwe, mar júst stimme. En at je dat massaal dogge, dan kin dat dus in ferskil meitsje, sa docht bliken. 

De man dy’t yn soere druven hannelt, hie ek in topwike. De útslach is guon partijen mâl op it dak fallen. Fansels, it like der wol op dat der aardich wat   ferskowe soe. Mar dat it sa útpakke soe, dat hiene se sels by BBB net ferwachte. 

It komt no oan op de ferfolchstappen. It is ommers mei sizzen net te dwaan. Lokaal is faak roppen oer de krêft fan de mienskip. Mar at de mienskip dy krêft sjen lit, dan wit it gemeentehûs der faak net mei om te gean. Sa moat it op it provinsjehûs en yn De Haach fansels net. Want dat soe allinnich mar wer liede ta teloarstellingen.

Caroline van der Plas is in stevich frommes, mar der leit no wol in hiele lêst op har skouders en op dy fan har partij. It wol wat sizze dat der doarpen binne, ek yn ús gebiet, dêr’t krapoan de helte fan de kiezers op ien partij stimd ha. 

Der binne faker partijen west dy’t hurd groeiden. En dat is net altyd like goed beteard. Se ha it betrouwen fan de stimmer net wiermakke. Der liket no lykwols al in ferskil mei bygelyks fjouwer jier lyn doe’t Baudet en syn maten de grutste waarden. In ferskil fan in pear meter. Van der Plas liket mei de skuon stevich yn de klaai te stean, Baudet sweefde der al gau meters boppe.


Arend Waninge