Arend Waninge
Arend Waninge Foto: Nel Wierenga

Sietse

Column

Foto: Sietse de Boer

It koe sawat net misse yn de ûnderskriften fan de foto’s yn ús krante. Sietse wie der altyd. Hy wie ús fêste fotograaf. Ik praat yn de ferline tiid. En dat falt net ta. Sietse is der net mear. Krapoan twa wike lang hiene wy noch de hoop dat it goed komme soe. Mar nee.

Sietse wie in bysûnder man. Ik ha goed tweintich jier mei him gearwurke. Earst by De Woudklank en by de produksje fan folders en spesjale kranten. Yn 2010 makken wy mei Paul Roorda it fotoboek ‘Opsterland; Van alle kanten bijzonder’. Opsterlân wie Sietse syn thús. Tsientallen jierren luts hy troch it gebiet as nijsfotograaf. Hy koe in soad minsken. Noch folle mear minsken wisten wa’t Sietse wie. Yn de rin fan de jierren waard syn wurkterrein grutter en grutter.

Hy bleau altyd rêstich, naam graach de tiid. In foto dy’t yn fiif minuten beslikke wie, koe út- rinne ta oardel oere kofjedrinke. Hy mocht graach prate, ek oer wat himsels dwaande hold. Hy hie syn fêste plakjes om oan te stekken. Je sjogge it werom yn alle reaksjes op it berjocht fan syn ferstjerren.

Sietse wie op syn bêst at hy as in mich op it behang syn gong gean koe. Dat je eins net wisten dat hy der wie. Sa trof er de minsken puer, sa at se wienen. It levere by sport, byienkomsten en eveneminten prachtige foto’s op.

Sietse wie in leave man, in Opsterlânske ‘knuffelbear’, dy’t bytiden ek in stevige brombear wêze koe. Dat wie Sietse; lilk op him wurde slagge net in soad minsken.

Doe’t yn 2014 it plan der wie om mei de Sa! te begjinnen stie Sietse lyk klear om mei te gean. Fol betrouwen yn ús plannen. Sietse en Sa!, se waarden nei ferrin fan tiid yn ien asem neamd. Wy ha in gesicht ferlern, mar boppedat in trouwe kollega. Wy sille him bot misse.

Arend Waninge