Afbeelding
Foto: Nel Wierenga

De flagge

Column

Sa no en dan gean ik der efkes allinnich opút. Wat om my hinne sjen, in besite oan ien of mear musea. En in kringloopwinkel stiet faak ek wol op it programma. Mei graach wat omsneupe. Saterdei traktearre ik mysels op in middei Harns. By de kringloop wie it yn in pear minuten al raak. De middei koe net mear stikken. 

Doe nei it Hannemahûs, dêr wie ik noch nea west. En mei in Museumjaarkaart kinst der sa yn en út. It wie net hiel bysûnder, mar ik ha my der wol in oerke fermakke. Der wiene omraak skilderijen út de tiid dat Harns in grutte hannelsstêd wie en ek de Fryske admiraliteit dêr fêstige wie. Der foel wat op, mar ik hie net fuort yn de gaten wat. Doe’t ik nochris goed seach wiene it dy grutte grutske Nederlânske flaggen dy’t rûnom te sjen wienen. Yn it read-wyt-blau. Ik seach der nuver tsjinoan, sa bin ik blykber al wend oan de omkearde ferzje dy’t je oeral ûnderweis tsjinkomme, ek op wei nei Harns. Ik fernim dat ik my dêr hieltyd mear oan be- gjin te ergerjen.

Ik ha sels jierren yn de lânbou wurke, dat ik ha hert foar dizze sektor. Ik bin it foar in grut part ek wol mei harren iens. De ûnwissichheid duorret fierstente lang en sa snel at guon minsken wolle, is net helber. Mar dy Nederlânske flagge is ek fan my. Dy koesterje ik, krekt as de Fryske. Ik bin grutbrocht mei respekt foar de flagge.

Ik bin it ek lang net altyd iens mei wat der yn De Haach gebeurt, mar ik bliuw wol grutsk op ús lân. It kin better, miskien op guon terreinen ek wol folle better. Mar it is net oeral rotsoai. Ik ha genôch oer de grins sjoen om te witten dat it ek hiel oars kin.

It liket derop dat der nei de ferkiezingen in hiele oare wyn waaie sil, ek yn Fryslân. Mei miskien wol partijen oan it roer, dy’t no harren ferkiezingsflaggen nêst de omkearde Nederlânske flaggen plante ha. Wat soe it moai wêze at sy der dan foar soargje dat wy allegear wer grutsk wêze kinne op ús lân.

Arend Waninge