Afbeelding
Nel Wierenga

Bagaazje

Column

It wie sneintemiddei suterich waar. Ik hie eins ek net folle nocht om wat te dwaan. Dat kin je op sa’n sneintemiddei ha. Ik skode op de bank en foel samar midden yn de Auschwitz- betinking dy’t live op tillevyzje wie. 

It is in gearkomst dy’t alle jierren weromkomt. It liket my foar de organisaasje dreech hieltyd wer nije minsken te finen dy’t it wurd fiere wolle. It is dit jier ek alwer 78 jier lyn dat it ferskriklike kamp befrijd waard.

Doe waard Joop van der Starre nei de mikrofoan holpen. In man op leeftyd dy’t as hiel lyts jonkje een tippe fan de oarloch meimakke hie. Folle mear gefolgen hie it opgroeien hân yn in húshâlding mei in mem dy’t hast har hiele Joadske famylje ferlern hie.

Van der Starre fertelde oer hoe’t hy grutbrocht is mei de warskôging om nea in mins te fertrouwen. Ferried lei ommers altyd op ‘e loer. Hy hie nea leard wat fertrouwen no krekt is. It wie, sa sei hy, in ballast dy’t mar nea bagaazje wurde woe. Hy helle oan dat dit soarte traumatyske ûnderfiningen fiif generaasjes meigean. Hy hie de hoop dat it foar syn pakesizzers wol bagaazje wurde soe. 

Dat wie it noch net foar pakesizzer Boaz. De jongfeint fertelde oer hoe’t hy yn de kampen by betinkingen de nammen fan syn fermoarde famyljeleden oplêzen hie. En wat dat mei him dien hie. In soarte fan rouproses. Mei wurden wie neffens him net te sizzen wat hy yn de eagen fan syn pake seach. 

De wurden fan de beide mannen rekken mei ynienen ûnferwachts djip. De eagen waarden wiet, de bûsdoek kaam derby. Ut de keuken wei waard frege wat der oan de hân wie. Wat tachtich jier lyn barde, bepaalt it libben fan dizze minsken noch hieltyd. Net sa hiel fier fuort wurde alle dagen wer nije trauma’s oanmakke dy’t dus noch generaasjes trochtrilje sille. Oanrjochte troch it folk dat Auschwitz doetiids befrijd hat. 

Wa twifelt der no noch oan it jier op jier betinken? 

Arend Waninge