Afbeelding
Nel Wierenga

Trochsette

Column

It kin dus wol, in folle publieke tribune yn de riedseal. Moandei twa kear folle bak op De Sweach. 

Earst mei minsken fan Wynjewâld en Klein Groningen, letter mei ynwenners fan De Tynje. It gie dan ek oer twa ûnderwerpen dy’t de minsken reitsje. Al wienen de emoasjes rûn de dongfergister yn Wynjewâld gâns oars as dy by de nije mfa op De Tynje. 

Mar yn tiden is der troch it publyk net safolle klapt en fan de tribune ôf roppen. It gie ek oer twa projekten dy’t opset binne troch de mienskip sels. En dat dit net altyd like maklik giet, dêr witte se yn beide doarpen alles fan. 

It slagget yn Wynjewâld en Klein Groningen mar net om de koppen deselde kant op te krijen. Ek nei moandei liket der weinich beweging yn it proses te sitten. De koers liket no streekrjocht nei juridyske prosedures te rinnen. En dêr soe net ien bliid mei wêze moatte. Skuldigen oanwize falt net ta en hat ek net folle doel. ‘Burgerparticipatie in de Ereklasse’, neamde skiedend boargemaster Ellen van Selm it earder alris. 

Op De Tynje ha se ek hiel wat drompels sljochte. It proses nei in nij doarpssintrum duorret al jierren, mar it jild is binnen. It doarp kin no oparbeidzje nei de earste peal. Draachflak foar it plan is yn it doarp gjin probleem. Mar it hat dêr de ôfrûne jierren ek wolris spannend west. Yn it begjin is elts foar, dan moat it altyd wêze. Mar as dan keuzes makke wurde moatte, kin it wolris begjinne te knipen. ‘Maar Tijnje herpakte zich steeds weer’, sei wethâlder Anko Postma moandei.

Mei oare wurden: as der gjin draachflak is, dan kin it miskien noch wol komme. Troch de plannen wat oan te passen, mei elkoar yn petear te gean en nei elkoar te lústerjen. En net troch healwei de stekker derút te lûken. De boargemaster rôp ferline wike op ta wat minder pessimisme. Soene se elkoar yn Wynjewâld oer in pear jier ek noch ris yn de earmen falle, krekt as de Tynsters moandei? Wat soe it moai wêze.

Arend Waninge