Afbeelding
Sietse de Boer

It hûntsje

Se wennen alwer moai wat jierren yn in 55+-wente yn ’e nijbou oan ’e bûtenkant fan it doarp, pake Jildert en beppe Murkje. Jildert hie syn hiele libben by de boer wurke en Murkje hat derfoar soarge dat de bern grut waarden en elkenien op ’e tiid iten en drinken krige. Mei harren AOW en in lyts pensjoentsje fan it lânboufûns koenen hja it skoan rêde. De bern wienen alwer jierren de doar út en hienen foar in rom neiteam soarge. En om’t se hast allegear yn ’e buert wennen, kamen se ek noch geregeld by harren oer de flier. Mar ek by de beide âlde minskjes, dy’t it noch skoan meielkoar fine koenen, begûn de slitaazje op te spyljen, se waarden der sa njonkelytsen net flugger op. 

Foaral de âld man waard kerbintich. De gewrichten wienen somtiden mar dreech yn beweging te krijen. Ien fan ’e bern hie al ris sein dat se wat faker te kuierjen moasten. Hja soenen har ried opfolgje en sa barde it ek. Jûns tsjin in oere as acht gienen hja tegearre in blokje om. Dat gie goed oant safier as it waar it taliet. As it wat hurd waaide, sei Murkje dat it har mar neat talike om mei dy stoarm nei bûten te gean. It hold yn dat de âld man ek yn ’e hûs sitten bleau. 

As it reinde gie it al krekt en gelyk sa. Yn ’t koart kaam it hjir op del, dat fan it hiele kuierjen neat telâne kaam. Doe’t it safier wie dat Jildert syn skonken hast net mear bûge koe, kaam hy by de húsdokter telâne. Jildert krige wat piltsjes foar de pine en fan dokter krige hy te hearren dat hy mear yn beweging moast. Dokter rette him oan om alle jûnen in eintsje te kuierjen. Trije kertier wie mear as genôch.

Om in stok efter de doar te hawwen, kaam de âldste dochter mei it foarstel om mar in hûn oan te skaffen. Dêr wienen de beide minskjes yn earste ynstânsje net foar te finen. As hja bisten hienen, moasten se der ek foar soargje en wienen se wer bûn oan harren eigen hûs. Der net by neitinke dat se no ek nea de doar útkamen, sels net nei de winkel. Dat wie ek net nedich, om’t de man fan de ridende winkel de boadskippen by harren op it oanrjocht brocht. Foarhinne, doe’t se noch bûtenút yn in boere-arbeiderswente neist de pleats wennen, hienen se altyd bisten hân. Katten, hinnen, goudfisken en yn it ferline ek in wetterhûntsje. 

De katten binne úteinlik foar in part wei wurden as ûnder in auto kaam en it wetterhûntsje is fan âlderdom stoarn. Hja hawwe him doetiids efter yn ’e tún bedobbe. De hinnen dy’t op it hiem omskarrelen binne allegearre op harren âlde dei, nei’t se de lêch út hienen, op it petroaljestel bedarre. De hoanne wie as earste de kop al kwytrekke, om’t dy allinne mar friet en fierders foar dy âlde hinnen ek neat mear te betsjutten hie. De goudfisk hat it úteinlik noch it langst folholden. No ja goudfisk? It wie mear in wytfisk. Mar dat koe wol ris it gefolch west ha kinne fan Murkje dy’t hast alle wiken de fiskekom, en ek de wite stientsjes op ’e boaiem, mei bleekwetter skjinmakke. Nei’t se ferhuze binne nei in senioarewente yn it doarp hawwe se gjin fee wer hân, sels net in goudfisk.

Dizze kear hawwe de bern trochsetten en is der wol in hûntsje kaam. De dochter hie op internet in adreske fûn fan immen út ’e wâlden dy’t foar in pear sinten in jonge hûn te keap hie. It kaam wol fertroud oer, it moast mar oangean. De âld man hat sels mei west om it hûntsje te besjen. It like yn alle gefallen wol in leaf bistke. Wol de lêste út it nêst en ek al wat âlder. In oerbliuwer moast mar tinke. Neffens de eigener wie it in krusing fan harren wetterhûn en ien dy’t harren hûn tafallich op ’e dyk tsjinkaam wie. Hja wisten ek net hoe’t de heit fan it hûntsje der útseach, want it hat skynber in omrinner west. Sa’n ien dy’t nachts fan doar oant doar gie om te sjen as der ek noch wat wurk foar him wie. Hja waarden it iens oer de sinten en Jildert naam it hûntsje mei. Jildert hie himsels dêrmei ek de wil oplein om in pear kear deis in slachje om te gean mei it bistke. In namme wie ek gjin probleem, want ien fan ’e bernsbern kaam my de namme Torda op ’e lapen. Hja hie ris in boekje lêzen, dat gie oer Torda de sigeunerhûn. Sy fûn dat wol in moaie tapaslike namme, om’t nei alle gedachten yn ’e heit fan it hûntsje ek it nedige swalkersbloed siet. It gie goed, en pake syn skonken waarden mei de dei better. Alle moarntiden en middeis rûnen Jildert en Murkje mei it hûntsje in lyts blokje om en jûns gie pake allinne in loopke fan sa’n lyts trije kertier. 

It wie yn ’e hjerst doe’t Jildert de jûns wer mei Torda ûnderweis wie en der in dikke bui nei ûnderen kaam. Hy wie op dat stuit tichteby it kafee en hy woe him net oan ’e kont ta trochwiet reine litte, dat hy is it kafee mar ynstapt. En as jo dan dochs binnen binne, kinne jo ek krekt like goed in pear skjinne slokjes keapje, tocht pake. En sa barde it ek.  Pake wie dy jûns wat letter thús, mar koe it ôfdwaan troch te sizzen dat hy in skoft ûnder de dikke kastanjebeam by de pastorije skûle hie. Ik wol net sizze dat Jildert de smaak te pakken hie, mar hy hie dochs wol graach wollen dat der jûns wat faker in bui nei ûnderen kaam. Mar as jo se graach ha wolle, komme se net. Om’t hy net op in buie wachtsje woe hat pake it wat oars oanpakt. Pake Jildert naam somtiden wolris in koartere rûte. Want as de hûn skiten hie, gie hy gau binnentroch nei it kafee ta en kocht in pear slokjes. Mei dat binnentroch hie hy al gau in lyts kertier ynhelle. En as it knypte, koe hy fan it kafee ôf nei harren hûs ek noch in stikje ôfsnije. De hûn wie der ek al oan wend en krige fan de kroechbaas in bakje mei wetter. Om’t pake der foar soarge dat it allegearre yn sa’n trije kertier beslikke waard, hat beppe der ek nea wat fan murken. 

Pake krige de smaak te pakken en bûten in pear slokjes om waard der ek noch in gehakbal opiten. Torda waard net oerslein en krige in pear stikjes droege woarst op in pantsje. It wie op it lêst al safier dat pake op it ein fan ’e strjitte Torda al losliet. De hûn skeat fuortendaliks nei it kafee, gie foar de doar sitten, en blafte in pear kear. Foar de kastlein in teken om in skjin slokje foar pake klear te setten, in gehakbal op te waarmjen en de woarst op in pantsje te lizzen. Al rillegau dêrnei kaam de âld man mei it hûntsje troch de doar, se koenen fuort- daliks oanskowe.

It gie allegear sa moai as’t mar koe, oant de âld man in krupsje krige en op bêd rekke. Beppe Murkje moast no allinne mei Torda te kuierjen. Moarns, middeis, mar ek jûns. Moarns en middeis wie gjin probleem, mar jûns gie it in stik minder. No ja minder, it earste stikje gie fansels. Want fan hûs ôf oant it kafee ta luts it hûntsje Murkje. Torda naam wol in koartere rûte as dat se ferwachte hie, mar hja liet it mar gewurde en toffele der mar efteroan. Mar doe't se by it kafee oankamen woe Torda net fierder en gie foar de doar sitten en blafte in kear. De earste kear is de kastlein der yn stonken. Hy hie in slokje klearsetten, de gehakbal kaam op it fjoer en in pantsje mei droege woarst waard klearmakke. Mar al wat dy jûns troch de doar kaam, gjin pake Jildert en syn hûntsje. It bistke hie wol nocht oan de droege woarst, mar it âld minske hie it net troch en woe fierder. Fan it kafee ôf nei hûs ta moast Murkje de hûn lûke.

Mei pake Jildert is it net goed kommen, in wike as wat letter is hy stoarn. En om’t beppe Murkje net foar Torda soargje koe hawwe de bern in nij plak foar him socht. Hy is by de kroechbaas goed telâne kaam.