Afbeelding
Nel Wierenga

Embargo

Column

Ein ferline wike kaam der in tillefoantsje fan it gemeentehûs op De Sweach. My waard ferteld dat minister Van der Wal, dy fan de stikstof en natoer, moandei nei Nij Beets komme soe. Dan koe ik dêr fêst rekken mei hâlde. It berjocht wie wol ‘onder embargo’. 

De minister wie koart te sprekken om goed ien oere, mar der mocht net earder publisearre wurde as om healwei fjouweren. Want dan wie de minister alwer de provinsje út. Fansels hat it allegearre mei feiligens te meitsjen. Sa’n serieuze wurkbesite moat net speak rinne troch blokkades mei trekkers. In earder plande besite oan Opsterlân wie om dy reden al ris net troch gien. Ik begryp it allegearre, mar wy binne yn dit lân wol fier sonken at it sa moat.

In pear wike lyn naam Ellen van Selm ôfskied as boargemaster fan Opsterlân. Op in woansdeitemiddei wie der in byienkomst yn de hal fan it gemeentehûs. Minsken dy’t dat woenen koenen har de hân skuodzje en har it bêste winskje. Der wiene ek twa fan dy hiele stevige mannen yn it gemeentehûs. Fan de befeiliging. Wêrom at it krekt nedich wie, woe of koe net ien sizze. Mar blykber wie it nedich. 

Letter op de dei wie der ek noch in byienkomst wer’t in hiele rigele boargemasters oanwêzich wie. Dêr wienen sels mear as twa man security. Moatte ek hjir op ús op it each fredige plattelân bestjoerders derom tinke wêr’t se binne en wat se sizze? It is net myn idee fan demokrasy. Ik kin der net oan wenne. En ik wol it ek net.

Trouwens sa’n berjocht ûnder embargo komt wol faker foar. Dat wy as parse dingen wat earder witte as in oar. Ek wolris aardich. It bart ûnder oare by de lintsjes. Wy witte al in pear dagen yn it foar wa’t in ûnder- skieding kriget. It hat alris sa west dat ik immen tsjinkaam dy’t in pear dagen letter riddere waard. Hy wist it net, syn frou wol, mar dy wist net dat ik it wist. Dat is ek in momint om goed op je wurden te passen.

Arend Waninge