Afbeelding
Nel Wierenga

Nammen

Column

Ik wit net hoe’t it mei jim sit, mar ik ha der bytiden wol oan mei de nammen fan de bern fan hjoeddedei. Eins wol ik gjin flaters meitsje, nammen moatte goed op papier en yn de krante.

Ik ha sels ek sa’n achternamme dy’t geregeldwei net goed skreaun wurdt. Bygelyks mei in n te folle. Seker yn it ferline waard ik ek faak oansprutsen mei Waninga ynstee fan Waninge. Dêr hie ik o sa it mier oan. Myn heit wie in Drint, dat ús achternamme einiget op in e en net op in a, sa as yn Fryslân faak it gefal is. Ik jou ta, ik bin der wat gefoelich foar, dêrom bin ik der ek altyd skerp op om de nammen fan oaren goed te skriuwen. 

Mar meitsje it my dan net sa dreech. Ik wie ferline wike op de BHS yn petear mei fiif learlingen. Fjouwer famkes en in jonge. Doe’t de nammen fan de famkes op papier moasten, ha ik faker as ien kear frege hoe’t it no krekt siet. Op it lêst, nei tig kear skrassen hie ik it foar elkoar: Kayleigh, Chimène, Maira Lynn en Yeska. Wat wie ik bliid doe’t de jonge syn namme neamde: Johannes. Dat hie ik yn ien kear goed.

It komt yn ús omkriten net sa’n soad foar as yn oare parten fan it lân, mar mei Turkse, Marokkaanse, Syrische of Afghaanse nammen fersla ik der ek yn. Ik wit net wat it is, mar dy bliuwe hielendal net hingjen. Begryp my goed, de minsken binne my neat minder, mar op ien as oare wize leit it oars yn it gehoar. Ik nim oan dat it oarsom krekt sa is. De Fryske nammen binne foar harren ek fêst dreech.
Ik ferlangje fan de âlders fan hjoeddedei echt net dat se harren bern Beitske, Gepke of Sjutsje neame. Dy tiid hat wol west. Mar ferneame fan bern hat ek syn sjarmes en it makket it wurk krekt wat makliker. Der is neat mis mei Jan, Piet, Klaas, Hindrik of Wietse. Mar is dy lêste no mei ie of y? En in s of in z?  

Arend Waninge