Afbeelding

‘Sinne op en út’

Jonkerslân Toanielferiening It Freonental spilet snein 10 april (15.00 oere) nochris it stik ‘Sinne op en út' yn Us Doarpshûs. Melle Minnesma sit yn in sjik âldereinhûs foar eardere direkteuren fan Raiffeisenbanken. In earder freondintsje komt del mar alles giet yn lockdown. In opera-sjongster wol noch ien kear in konsert jaan en dat moat Melle organisearje. Dêr tinke oaren oars oer. Kaarten: 7,50 euro; 12-18 jier 2,50 euro. Bestelle: info@freonental.nl of 06-25516912.