YNTSJOERD

Wêr geane we hinne mei Fryslân?

De Lelyline stiet yn it koalysje-akkoart, as ûnderdiel fan it grutte ‘Deltaplan voor het Noorden,’ en is ek al op jild set. Trije miljard hat it regear derfoar oer. Deputearre Fokkens, Ton Schroor (NVO-NCW Noord) kamen superlativen tekoart yn har joecheistimming. Nei de euforyske útspattingen kamen in pear dagen letter gelokkich de realiteitssin en de terjochte fraachtekens. Trije miljard liket hiel wat, mar elk dy’t wat fan ekonomy en grutte ynfraprojekten wit, wit ek dat de ynflaasje it fûnemint ûnder elke lange termynbegrutting wei slacht. En grûnstoffen sille ek net goedkeaper wurde. Jild út de regio om by te laapjen is der net, dêr hat De Haach de lêste jierren wol foar soarge. Europa soe ek meibetelje moatte oan de line mar de Dútsers sjogge mear heil yn de line Amsterdam nei Münster. As wy it goed besjogge is de hiele Lelylinelobby as in goedkeap stikje kaugom, it liket earst hiel wat mar nei twa kear kôgjen smakket it net mear.

De FNP hat altiten kritysk west oer de winsklikheid. Yn in tiid dat yn in grut part fan ús provinsje de bushalten ferdwine, linen strekt wurde en brêgen net ûnderholden wurde kinne, soe in knappe lobby fan de deputearre, sûnder Lelyline- eachkleppen, ek wat wurdich wêze. Noch mear ekonomyske en demografyske konsintraasje (45.000 wenningen) sil oare parten fan de provinsje leechsûgje en it antlit fan Fryslân ûnwerstelber ferminke. Gelokkich is it noch lang safier net. Mear en grutter is net altyd in antwurd, dat kinne wy leare fan de Rânestêd. It is heech tiid om de ynwenner te rieplachtsjen. Wat wolle dy? En fertsjinnet Fryslân net in folle breder debat oer har takomst, skaaimerken en kwaliteit lykas romte en lânskip? Dizze diskusje is al te lang útsteld. Gelokkich komme der natuerlike mominten oan. De earste yn maart fan 2022. It is dan oan de ynwenners. Wêr gean wy hinne mei Fryslân? En foar de trije miljard, dêr ha wy wol in idee foar: Jou Grins in miljard ekstra kompensaasje foar de ierdbevingsskea. Itselde jild foar de fundearingskea yn Fryslân. En ynvestearje de tredde miljard foar in part yn it de hertôfdieling fan it UMCG dy't mei sluting bedrige wurdt.

Harm de Jong
listlûker FNP Opsterlân

Ate Eijer
listlûker FNP Hearrenfean