FNP-er Evert Wilstra ferlit de ried

Nieuws
“Ik sjoch gjin spoeken, mar woe graach in kritysk riedslid wêze. Net om negatyf te dwaan, mar wol om alert te wêzen. Dat is ek de taak fan in riedslid.” Evert Wilstra naam ôfrûne moandei ôfskied fan de Opsterlânske ried.
Om reden fan de sûnens fan syn frou en op syk nei in nije útdaging ferhuzet Evert Wilstra nei Ljouwert. En dan kinne jo gjin riedslid yn Opsterlân mear wêze. De goed trije jier dat hy yn de ried siet oppenearre Wilstra him faak. Somtiden mei de wyldste plannen, sa as it ûntwikkeljen fan in nij enerzjyneutraal doarp. “Nije dingen ûntwikkelje is myn passy. Dat die ik earder as ljepper, mar ek mei de ûntwikkeling fan Dúndelle yn Bakkefean en bygelyks de Fryske Olympiade. Dat jout enerzjy. Spitigernôch ha ik de ôfrûne jierren as riedslid te faak op de remme traapje moatten. En dat nimt júst enerzjy.”
Wilstra stie mei twa oare ienmansfraksjes foaroan yn de yntegriteitsdiskusje dy’t Opsterlân de lêste jierren parten spile, ek yn de parse. “Myn karakter lit it net ta om it wurk heal te dwaan. En dan rinst tsjin saken oan.” It eksterne ûndersyk dat der úteinlik kaam wie hurd foar Opsterlân. “Dy hiele saak docht wol wat mei je. Mar it gefoel dat der rjocht dien wurde moat, is grut.” Dochs hat Wilstra net it gefoel dat it kwartsje by alle oare partijen fallen is. No hat hy wethâlder Piet van Dijk (Opsterlâns Belang) wer op de kerrel oer de grutte plannen op De Sweach. “Van Dijk wie oant koartlyn belutsen by it fuotbal op De Sweach. By tafal hat er bekend makke gjin lid mear te wêzen, dat hy begreep wol dat it knipe koe. Dan moatte jo dit dossier net ha wolle. At jo tinke: kin ik it dwaan, dan is it better om it net te dwaan. Ik mis de iepenheid. Dy is nedich, wy moatte mei elkoar troch de tiid.”
Dy iepenheid, dêr wrakselt Wilstra faker mei. “Op it gemeentehûs tinke se noch te faak: wy regelje it wol. Se ha de mûle fol fan de mienskip, mar meitsje der te min gebrûk fan. En der sit sa’n soad deskundigheid ûnder de minsken. At it speak rint, draait it hieltyd wer om gebrekkige kommunikaasje mei de mienskip. Dy is ûnder de mjitte. De mienskip wol heard wurde, en dat is terjochte.” Dat it kolleezje hurd wurket, dêr twifelt Wilstra net oan. Mar hy soe wolle dat de wethâlders wat tichter by de minsken steane. Boargemaster Ellen van Selm docht dat better, fynt Wilstra. “Sy siket kontakt en wit minsken te reitsjen sûnder oer har hinne rinne te litten.”
As ienmansfraksje is it lêstich wurkjen, mar Wilstra fynt dat hy yn oparbeidzjen mei twa oare ienmansfraksje, BAS en OpsterLanders, wol wat losmakke hat. “It kolleezje hat te min lêst fan de ried. De ried mei wol kritysker wêze, ek de opposysje.” Wilstra sjocht der dêrom net safolle yn om nau gear te wurkjen mei de PvdA, sa at dy partij sels graach wol. “De ferskillen binne te grut. Boppedat fyn ik dat de PvdA yn it ferline te min kontrolearjend wie.”

Meer SA!

Afbeelding
Herfst in de zomer Column 32 minuten geleden
Afbeelding
Johannes Veenema wol wat delsette mei De Gordyk Sport 38 minuten geleden
Afbeelding
Opsterland start met PeuterPlus Nieuws 1 uur geleden
Afbeelding
'Ik woe altyd al ûndernimmer wurde' Ondernemen 4 uur geleden
Afbeelding
Maatregelen rond Koningsdiep gericht op sponswerking Nieuws 5 uur geleden
Afbeelding
Bezwaar kleine windmolen ongegrond Nieuws 20 uur geleden
Afbeelding
Primera wil feestelijke verrassing zijn Nieuws gisteren
Afbeelding
Figureren in De Tocht betekent continu opletten Cultuur gisteren