Afbeelding
Nel Wierenga

125 + 2

Column

Se krigen applaus fan in folle seal, mar eins fertsjinnen se wol in medalje. Fjouwer jonge muzikanten lieten saterdei fan harren hearre op it konsert, wêrmei’t Euterpe nei twa jier dochs noch har 125-jierrich bestean fierde. 

Spylje yn in fanfare, dêr makkest hjoeddedei spitigernôch by leeftydsgenoaten net mear de measte yndruk mei. Mar sy stienen der wol. Foar in folle seal doarden sy it oan.

Mei stipe fan in nustje gastmuzikanten makke it grutte Euterpe dêrnei in wrâldreis. Mei prachtige arrangeminten dûnse de muzyk troch de seal. Al 25 jier stiet Euterpe ûnder lieding fan Menno Haantjes. De dirigint út Nij Beets ken syn muzikanten troch en troch en daget se hieltyd wer út. Hy is sels foaral beskieden, mar mei de rêch nei it publyk straalt de passy út syn hiele dwaan en litten.

Cor Bakker wie de grutte gast tidens it konsert. De man kin it moai fertelle en noch moaier piano spylje. Yn de nûmers dy’t hy mei Euterpe spile,  giselen Bakker en Haanstra elkoar nei noch hegere hichten. Sy hienen gjin wurden nedich om elkoar te begripen. 

It die mar wer bliken hoe moai dit soarte muzyk wêze kin. Hoe’t amateurmuzikanten sa’n wille helje út it meielkoar spyljen yn in orkest. It is sa spitich dat safolle fan dit soarte ferienigingen it op it stuit dreech ha. Yn de acht jier dat Sa! bestiet binne der yn ús gebiet al seker fjouwer muzykkorpsen stoppe. Mar krij de jeugd mar ris safier.

Ik bin in leafhawwer. ‘Alwer in toeter foar op de krante?’, klinkt it op de redaksje wolris. Ja, ik fyn dit soart kultuer belangryk. Mar it is ek in  stikje frustraasje.
Ik hie it ek wol wollen. Krekt as myn pake, myn omke, myn neef, myn nicht yn it fiere Drinte. Mar mem krige it by heit net foar elkoar om my op muzykles te hâlden.

Ik kaam net fierder as blokfluit. Sopraan én alt, en mei diploma’s. Dat dan wol wer.

Arend Waninge

Meer SA!

Trainer Joop Gall begrijpt weinig meer van de ontstane situatie bij Jubbega en ziet weinig kans om het seizoen op een sportief correcte manier af te maken.
Volop vraagtekens over positie Jubbega Sport 9 uur geleden
Tet en Ben Leenman waren maandag zestig jaar getrouwd.
Tet zag ineens een leuke keeper Nieuws 10 uur geleden
Afbeelding
Woningbouw op 'rotte kies' in Gorredijk Nieuws 10 uur geleden
Afbeelding
Renovatie sporthal Kortezwaag jaar vertraagd Nieuws 22 apr, 20:07
Afbeelding
Grindpalen als fundering onder wegen Nieuws 22 apr, 14:14
Afbeelding
Meidendag bij voetbalvereniging ODV Wijnjewoude Sport 22 apr, 14:13
Afbeelding
Langezwaag laat zege in slotminuut glippen Sport 21 apr, 17:04
Xander Wagenaar omspeelt de doelman en is op weg naar één van zijn drie doelpunten tegen Franeker.
RWF zet met ruime zege opmars voort Algemeen 20 apr, 19:35