Afbeelding
Nel Wierenga

Imagineren

Column

Blinder, it is noch mar in pear dagen en dan begjint it WK yn Qatar al. Dat past hielendal net yn it systeem. In EK of WK heart yn juny. Mei moai waar. Dat wy it bûten sjen kinne. Mei de barbecue oan en in kâld pilske derby. Sa’n toernoai heart net yn novimber en desimber. Dan is it tiid foar Sinteklaas en de Kryst. 

Ik hie dan ek noch net folle WK-gefoel yn it liif. Boppedat hie ik der ek net folle ferlet fan om it op te sykjen. Mar stapke foar stapke begjint it no dochs wat te jokjen. It is noch wol te hurdzjen, mar it begjint te kommen. 

Dat komt ek troch Louis van Gaal. De bûnscoach is nea te beroerd om earne it kacheltsje op te pookjen. Syn eagen spuie bytiden al fjoer at in sjoernalist it wurd nimt, dy’t wat kritysk doart te wêzen. Want der is fansels mar ien man dy’t der ferstân fan hat.

Dat selsfertrouwen, dat oertsjûge wêze fan jesels, ik kin der wolris jaloersk op wurde. Ik mei ek graach twivelje oer wat ik doch. Fyn dat ek wol sûn, mar ik leau net dat ‘twivel’ yn Van Gaal syn wurdboek foarkomt. No hat de man it ek hieltyd oer it ‘imagineren’, dat wurd stiet wer net yn myn wurdboek. Hy kriget al in byld oer hoe’t it rinne sil. Troch te ‘imagineren’ kin hy makliker besluten nimme, sa begryp ik. 

En dan begjint it by my ek te daagjen. Soe ik dêr ek risseltaat mei berikke kinne? Ik bin yn de stoel sitten gien. Eagen ticht. Om ris nei te tinken oer takom jier. Soe ik 2023 wat yn byld krije? Ik moast foaral oppasse net yn sliep te fallen. Dat woe wol mei it sintsje op de glêzen. Mar it slagge. Ik woe foaral ‘imagineren’ dat der gjin smaak mear siet oan frikandellen, gehaktballen, fleis en stikken tsiis. Dan soe it wat makliker wurde om it stean te litten.

It is noch net slagge. Mar it is ek noch gjin 2023.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Opsterland plaatst kraamverblijven voor vleermuizen Nieuws 15 uur geleden
Ecologen moeten continu bijleren. Zoals hier tijdens een cursus diersporen.
John Melis: 'Geef de vleermuizen nooit de schuld' Nieuws 15 uur geleden
Wethouder Durk Durksz verruilt in Beetsterzwaag tegels voor beplanting.
'Wippe jo ek mei foar mear grien?' Nieuws 15 uur geleden
Jan Falkena geeft ook cursussen eendenkorfvlechten.
'Mear einekuorren, mear einepiken' Nieuws 15 uur geleden
Afbeelding
Aanpassing route buurtbus Nieuws 15 uur geleden
Afbeelding
Gjin ôfstân dwaan Column 24 apr, 12:29
Afbeelding
Oproep raad: ook in kleinere dorpen blijven bouwen Nieuws 24 apr, 11:27
Diëtiste Jennifer Plein, huisarts Jon Brouwers, voorzitter Plaatselijk Belang Frans Mulder, directeur Rabobank Durk Mous, leefstijlgroep-coach Alie Koopal.
'De beste dokter staat in de keuken' Nieuws 24 apr, 11:26