Afbeelding
Nel Wierenga

Wol of net

Column

Noch in pear dagen en dan sille wy mei fekânsje. Dat hat fansels hiel wat fuotten ien ‘e ierde. Der moat it ien en oar regele wurde. En de grutte fraach komt wer op it kleed: wat moat wol mei en wat net? 

Want at je kampeare, en dat dogge wy, dan komt dat krekt. It is mear as samar in koffer klean ynpakke. In jier as wat lyn stiene wy mei it hiele spul nei in lange reis yn Eastenryk, mar de tinthjerringen leine noch thús. It hat doe lokaal aardich tongere. 

It steapeltsjesmeitsjen is al begûn. De earste klean, de tinte, de itensiederij, de earste boadskippen. En fansels de boeken. Want ek dat komt krekt. It moatte der genôch wêze en it leafst in bytsje fariaasje. Net allegear thrillers, net allegear swier wurk. Geregeldwei feroaret it steapeltsje. Dy dochs mar net. Dy dochs mar wol. Wy hienen in moaie samling boekebonnen opsparre, dat wy koenen ús aardich útleve yn de boekhannel.

De auto is al neisjoen, mar is noch net skjin. Dat is ek nergens goed foar. Twa dagen ûnderweis en de hiele auto is wer smoarch. It kin better nei de tiid in kear goed dien wurde. Ha we der folle langer wille fan. Ik begryp ek noait dat minsken alles skjin meitsje at se ferhûzje, de nije bewenner begjint fuort wer te poetsen. Dûbel wurk dus. Mar ik slút net út dat ik foar it ein fan de wike de auto dochs noch in kear troch de waskstrjitte sko. Ik bin net allinnich baas. 

Dan op de lêste dei de auto ynpakke. Dat is myn wurk, bin ik goed yn, fynt myn frou. Alle gatsjes wurde opfuld. Wy binne mar tegearre en dochs kin ik no al de garânsje jaan dat de auto wer ôfladen fol is. Want is der romte, dan is der guod. Ek al sille wy de helte net brûke. En at wy ien kear fuort binne, dan doarre wy elkoar de earste oardel oere net oan te sjen. Benaud dat de oar sizze sil dat we dochs noch wat fergetten binne. Mar at wy de provinsjegrins oer binne, dan is it klear. Dan ride wy net wer werom. Ek net foar tinthjerringen.

Arend Waninge

Meer SA!

Afbeelding
Kunsthuis SYB: Fries dada-erfgoed Cultuur 3 uur geleden
Klaas en Engbert Frieswijk bij de Amerikaanse Greyhound.
'Dizze bus hat fan Boney M. west' Nieuws 5 uur geleden
Joop Gall en de spelers van Jubbega willen het seizoen afmaken en gaan daarmee in tegen het bestuur van de voetbalvereniging
Trainer en spelers Jubbega willen seizoen afmaken Sport 6 uur geleden
Afbeelding
Opsterland handhaaft verbod lelieteelt Nieuws 6 uur geleden
Fenna de Vos in de showroom aan de Bûtewei.
Fenna over het belang van passende lingerie Ondernemen 18 apr, 12:39
Rudy Van Den Broeck en Marijke Dierick van Appels Korfbalclub vermaakten zich prima in Jubbega.
Belgische korfballers genieten in Jubbega Sport 18 apr, 12:25
Christiaan Schipper
AI in hypotheekadvies: samen sterker Column 18 apr, 11:19
Afbeelding
Sonsorloop jeugdspelers bij Heerenveen Sport 18 apr, 09:02