Terug naar het totaal overzicht

OB | CDA | PvdA | GL | CU | VVD | D66 FNP


PARTIJ PAGINA
De mening van:


Wonen
Opsterland moet flexibeler zijn in het vinden en toelaten van creatieve oplossingen om de dringende woningnood (huur en koop) aan te pakken.

Iens. De FNP fynt dat de gemeente ferskate goed ûnderboude mienskipsprojekten,   fasilitearje en aktyf stypje moat. De gemeente krijt, op oantrunen fan de FNP, in húsfstingsferoardering. Dit is in krêftich middel om de wentemerk tagonkliker te meitsjen, ek foar ús jongerein. De FNP hat in eigen Oanfalsplan Wenje, wêrmei't gemeenten fuort oan de slach kinne en net hoege te wachtsjen op ‘e Lelyline.


Lelylijn

De komst van de Lelylijn en de bijbehorende grote bouwplannen zijn essentieel voor de leefbaarheid in zuidoost Friesland. Wegtrekkende jongeren en de sterke vergrijzing zetten anders het voortbestaan van accommodaties en de vitale dorpen onder druk. 
Ûniens. De Lelyline en it Deltaplan binne de deastek foar mienskip en lânskip. De Lelyline is in útfynsel om ferstêdliking en ferdûbeling fan Drachten en It Hearrenfean mooglik te meitsjen. It is in Haachsk plan om gebrek oan wenromte yn de Rânested op te lossen. Wy moatte huzen bouwe foar minsken mei in bining mei dizze regio, net foar minsken út de Rânestêd.


Energie

De maximum capaciteit is al gehaald, dus heeft het in de duurzaamheidsagenda geen zin nog veel plannen te maken voor lokale opwekking van duurzame energie. 
Iens. De FNP is foarstanner fan duorsume enerzjy, mar sjocht, lykas ferskate boargers, wol dat de ynfrastruktuer te winskjen oer lit en minsken tsjinhâld om ynvestearringen te dwaan. Der is gjin romte foar grutskalige projekten lykas wynmûneparken en sinnefjilden op lânbougrûn, en al hielendal net foar gaswinning yn ús gemeente. 


Energiebesparing

In de duurzaamheidsagenda moet de focus nu komen te liggen op energiebesparing. Maar dat is meer de zaak van de individuele burger dan van de gemeente. 
Iens. Minsken haw grif in eigen ferantwurdlikheid op it mêd fan enerzjybesparjen. De hjoeddeistige enerzjykrisis dy't elts yn harren beurs fielt soarget der foar dat minsken hjir mear mei dwaande binne. De gemeente moat der by De Haach op oantrune dat der yn ús lân gjin enerzjy-earmoede wêze mei. De gemeente hat hjir foarearst in advisearjende rol en in foarbyldfunksje. 


De Krêft fan de mienskip

Het veel gepropageerde model van de Krêft fan de mienskip heeft veel kracht verloren door de wijze waarop het de afgelopen tijd is gebruikt. Er zijn duidelijke spelregels nodig om er weer een succes van te maken. 
Iens. Spulregels moat jo net feroarje geande it spul. By it útdaagjen fan de mienskip giet it ek om betrouwen yn de kundigens fan boargers en bedriuwen dy't oparbeidzje yn projekten. As kolleezje kinne jo de Krêft fan de Mienskip net negearje as it útkomt. Lykas as by it wenprojekt yn Terwispel moat je de krêft omearmje.


Vitale winkelkernen

Fysieke winkels hebben in coronatijd een flinke dreun gekregen. Er ligt voor de gemeente een belangrijke rol om de vitaliteit van de winkelkernen Gorredijk, Beetsterzwaag en Ureterp met gerichte maatregelen te ondersteunen. 
Iens. Kearnen feroarje, dat haw wy op de lytse doarpen al sjoen. It binne de lokale bedriuwen dy't harren altyd wer ûnderskiede en op ‘e nij útfine om bestean te bliuwen. De FNP fynt dat de gemeente oparbeidzje moat mei ûndernimmers. Tegearre, mei stipe fan sintrum-managers, moatte sy fyzje ûntwikkelje foar  de ‘Kearn fan de Takomst’. 


Handhaving

Inwoners ergeren zich aan het verkeers- en parkeergedrag van anderen. Ze missen, ook bij het naleving van vergunningen, een scherpe handhaving van de regels. Opsterland moet actief inzetten op veel meer handhaving. 
Ûniens. De FNP is fan miening dat minsken rekkenskip meimekoar hâlde moatte. Hja hearre har te hâlden oan noarmen en wearden dy't oant jierren tebek gewoan wienen. Neffens de FNP moat jo wis mear hanthavenje op plakken wêr't oerlêst is, mar net yn it ekstreme lykas yn de stelling sein wurdt. 


Sociaal gezicht 

Opsterland heeft de afgelopen jaren de uitgaven in het sociaal domein fors verlaagd. Verdere bezuinigingen leidt tot verlies van het sociale Opsterlandse gezicht. 

Iens. It foarkommen dat minsken út de boat falle is neffens de FNP it middel om yn de takomst in slach te slaan yn de betelberens fan it sosjaal domein. Dochs leaut de FNP ek net dat wy der dêr mei binne. De FNP leit in part fan de ferantwurdlikheid by it Ryk en is foarstanner fan in grutte permaninte lobby rjochting it regear.


 

Modern bestuur

Het huidige college van B en W wilde vol inzetten op modern bestuur, met de focus op transparantie en openbaarheid. Daar is in de praktijk te weinig van terecht gekomen. 
Iens.   Op dit mêd is noch in protte te heljen. As jo prate oer ‘resultaatgerichtheid en transparantie’ dan is der noch in soart húswurk te dwaan. Wis, de boargers binne mear belutsen de lêste jierren, mar yn in protte gefallen doarde it kolleezje gjin ferantwurdlikheid te dielen. De ‘right to challenge’ is in papieren wierheid wurden.


Landbouw 

De huidige landbouw staat door verschillende maatschappelijke ontwikkelingen onder druk. De traditionele landbouwgemeente Opsterland ontbeert voor de boeren en een duidelijke toekomst visie.
Iens. De lânbou stiet hieltiten ûnder druk. Boerebedriuwen hoege net grutter, mar moatte mei in normale bedriuwsfiering, in goed stik brea op ‘e planke krije kinne. It giet net altiten út fan mear, mear, mear. Boeren hearre by Opsterlân en Opsterlân moat der foar de boeren wêze. Boereferstân boppe Haachsk ferstân! 


Natuur

Opsterland kent veel natuur, waaronder drie Natura2000 gebieden. De ontwikkelingen rond infrastructuur, woningbouw en economie maken het onvermijdelijk dat de natuur moet inleveren.   
Ûniens. Jo moatte sa sunich mooglik omspringe mei ús lânskip en ús natoer. Dat jo dan as gemeente meiprate oer in Lelyline, dy't oars net as neidielige effekten hawwe sil foar it lânskip, is foar de FNP ûnbegryplik en tekenjend fan hoe’t it kolleezje en oare partijen omgean mei dit lânskip.


Accommodaties

Vitale dorpen kunnen niet zonder goede accommodaties. De ontgroening en vergrijzing en de noodzaak om meer te bewegen vraagt om een heel ander accommodatiebeleid. 
Iens. Jo moatte yn petear mei de mienskip oar takomst fan harren akkommodaasjes. Foar in part is dit al dien, mar troch gebrek oan betrouwen hat dit noch lang net altiten opsmiten wat winsklik is. Jo hoege it belied net hielendal om te goaien, mar moatte dochs aktiver, mei respekt foar de mienskip, konstruktyf en ûnderstypjend wurkje oan in takomst foar doarpshûzen en MFA’s.


Sport

Burgers moeten veel meer bewegen om een volgende gezondheidscrisis te voorkomen. De gemeente moet structureel meer geld uittrekken om initiatieven op dit terrein te stimuleren. 
Iens. Iens mei mear bewege, ûniens dat in soad ekstra jild de ienige wize is om bewegen te stypjen. Guon mienskippen haw besocht om gemeenten te oertsjûgjen dat it ek oars kin. De FNP wol in warbere gemeente dy't harket nei de mienskip en hannelt. Mei sporthallen en fjilden dy't útnûgje om te sporten.


Cultuur

Het culturele leven heeft zwaar te lijden onder corona. De komende jaren zijn extra plannen en projecten nodig om de culturele infrastructuur overeind te houden. 
Iens. Wis, jo moatte oparbeidzje mei kulturele ynstellings en pleatslike belangen en sjen hoe't jo harren fasilitearje kinne. It ferminderjen fan regeldruk (minder fergunnings), wêr FNP ek foar optearret, is in middel om ús lokale kultuer as bygelyks toaniel, musea en doarpsfeesten wer op gong te krijen.


Terug naar het totaal overzicht

OB | CDA | PvdA | GL | CU | VVD | D66 FNP