In Kueroard fol mei stress
zondag 19 maart 2023 14:00
Op sneon 11 maart en snein 19 maart spilet it tonielselskip It Freonental ut Jonkerslan it komische stik ‘ In kueroard fol mei stress’.
Yn it koart giet it stik oer in kueroord dat eksploitearet wurdt troch Joris en syn ‘leaver sloech dan wurch’ assistinte. Joris hat it tige drok en it falt net ta foar him om alles rûn te krijen.
As in tillefyzjeprogramma in promoasjefilmke meitsjen komt en der gasten komme dy’t in soad oandacht freegje, wêrûnder twa bekfechtsjende suskes en harren freondin, rint it Joris oer de skuon en freget d’r syn twalingbroer om him te helpen. As ien fan de gasten dan ek noch in oplichter blykt te wêzen is de gaos kompleet.
Op sneon 11 maart is d’r ek nei ôfrin noch in protte gesellichheit mei DJ Joost.
Sneon 11 maart sit de seal al fol, mar op sneintemiddei 19 maart om 14.00 oere is d’r noch genoch romte.
Foar ynfo: freonental@gmail.com