Afbeelding

Op Nij Foriene spilet ‘Ach in pûntsje mear of minder’

zaterdag 4 februari 20:00 - 23:00

Toanielferiening Op Nij Foriene spilet nei twa jier ôfwêzigens op tongersdei 2 (14.00 oere), freed 3 (20.00 oere) en sneon 4 febrewaris (20.00 oere) de foarstelling ‘Ach in pûntsje mear of minder’ yn De Wier. Mei in debút foar nije spylster Ilja Zuidema en twa gastspilers. It kluchtige stik is skreaun troch Rien Bakker en oerset troch Abele Krist, de regy is yn hannen fan Elske Klooster. Beauty-ynstitút Slank&Fit bestiet 25 jier en dêrom hat de direksje fakânsje. Gelokkich is it sintrum yn de fertroude hannen fan it betûfte personiel. Mar dan krije se in tillefoantsje mei it berjocht dat krekt no de ynspeksje foar har jierlikse kontrôle del komme sil. Dit soarget foar lichte panyk by it personiel en se dogge der alles oan om dizze wike goed ferrinne te litten. Mar kinne in fakânsjekrêft, in ferfangende arbeider, in entûsjaste masseuze en in technyske badmaster it oan? Tagong: 10 euro. toanieloerterp.nl

Locatie