Afbeelding
Nel Wierenga

Gedoochbelied

Column

No hie ik it sneintemoarn sawat oan de stok mei in buertgenoat. En dat is eins neat foar my. Ik bin de frede sels, ha in hekel oan spul. Mar dizze buertgenoat wit him net te gedragen. 

Hy húsmannet no al in hiel skoft by ús yn de feartswâl. Allinnich. De soartgenoaten dy’t him jierrenlang selskip holden, binne fuort. Miskien wiene se syn selskip ek wol sêd. Dizze wite gâns hat de krant al ris earder helle. Hy liket sa iensum, skreau ik yn de coronatiid, doe’t wy allegearre hast nergens hinne koenen. 

Wy ha no wer de romte, de gâns ek. Mar hy ferrekt it om sa no en dan oar plak te sykjen. Hy sit wêr’t er sit. En elk dy’t delrint kin in snau krije; echt tankber foar ús gastfrijens is hy net. Foar auto’s giet er ek mar súntsjeswei oan de kant. En as hy op dy takomt is it like intimidearjend as wie it in trekker yn in boeredemonstraasje. 

De nêste buorlju krije boppedat al ier yn de moarn melding, dat hy noch in dei bliuwt. De gâns liket mear en mear op dy âlde omke dy’t op jierdeis altyd hingjen bliuwt, in buorreltsje tefolle nimt en altyd deselde flauwe ferhalen fertelt. De grins is sawat berikt. De buert krijt har nocht. 

Oaren tinke der oars oer. Der binne minsken dy popkje wakker mei it bist om. Jouwe bôle, en net te min ek. Hy kokhalset der bytiden oer, ha ik út betroubere bron. It skynt sels sa te wêzen dat der sa no en dan ien delkomt dy’t de gâns freget hoe’t syn dei west hat. Jim begripe, dizze minsken wenje net op ús boulevard. 

Ik priuw oan alle kanten dat it gedoochbelied sawat op syn ein rint. Wy binne oars o sa aardich, freegje mar nei by minsken dy’t harren de lêste jierren op ús buert ta wenjen set ha. Mar it soe wol aardich wêze as de gâns in skoftke útfanhûs gie. En as it him befalt, hoecht er fan de buert ek fuort net werom te kommen. 

Mar wêr kin er hinne? It sil dochs net sa wêze dat er meikoarten op in kear spoarloas weirekke is. Dat in auto in kear net oan de kant giet. Ik sil Johan Remkes ris belje. Syn oare putsje komt dochs net fan de grûn. Wa wit kin hy ús helpe.

Arend Waninge