Arend Waninge
Arend Waninge Nel Wierenga

Sinne

Column

As ik sa nei bûten sjoch, doar ik eins net oer de sinne te begjinnen. It reinwetter slacht hjir tsjin de ruten op. It wetter yn de feart hjir foar de doar stiet wit ik hoe heech. Mar sels no smite ús sinnepanielen noch op. Seker neidat se ferline wike foar it earst yn in jier as fjouwer ek in kear goed skjinmakke binne. 

Neffens de skjinmakker skeelt dat wol in prosint as tsien yn de opbringst. Wy sille it sjen. It is fansels dreech fergelykjen. De sinne is gjin jier itselde. Boppedat, tink ik by dit soarte útspraken: it sil wol. Sa reagearre ik ek doe’t ús ynstallateur ferline jier sei dat wy mei ús fernijde ynstallaasje wol tachtich prosint gas besparje soenen. Dat like wol in hiel moai ferkeappraatsje. Wy seinen thús dan ek tsjin elkoar: ‘Lit it no ris op sechstich prosint útdraaie. Dan meitsje wy noch in hiele slach.’

It hiele spul draait no in goed healjier. En ferduld, de ynstallateur kriget noch gelyk ek. Wy brûke no yndied 85 prosint minder gas as yn deselde perioade foar de tiid. It liket wol in mirakel. Fansels, de ynstallaasje brûkt no helderop mear stroom, mar dêrfoar lizze der dan ek sinnepanielen op it dak. En ûnder de streep leverje wy ek no noch mear stroom werom oan it net as dat wy brûke.

Dat wy ferline jier op ús enerzjyrekken net folle fernamen fan de hegere prizen wie mear gelok as wiisheid. Wy hienen noch in trochrinnend kontrakt. Dat is lykwols no wol ôfrûn. Op basis fan ús hjoeddeiske ferbrûk en prizen krije wy oanbiedingen dy’t delkomme op in pear tientsjes oan kosten yn de moanne. Us ynvestearringen binne sa’t it liket yn in pear jier weromfertsjinne. 

Ik moast dan ek wol laitsje doe’t ik begjin fan ‘e wike op de site fan De Telegraaf in berjocht tsjinkaam wêr’t wenningeigeners it ha oer it it trochslaan fan it griene tinken. Soene sy dan in hiele oare rekkenmasjine ha as wy thús?

Arend Waninge 

Meer SA!

D
RWF is na nipte zege op Twijzel veilig Sport 47 minuten geleden
Afbeelding
Turfroute vijftig jaar geleden gered Nieuws 10 uur geleden
Trainer Guido Pen: “Hoe het seizoen ook eindigt, het is een leerzaam jaar geweest voor de spelers.”
'We kunnen niet op een gelijkspel gokken' Sport gisteren
Afbeelding
Zaterdag: activiteiten rond opening Turfroute Nieuws 17 mei, 13:46
Afbeelding
Pinkstertip: Pinksterfeest316 in Wijnjewoude Cultuur 17 mei, 12:30
Afbeelding
In het zonnetje! Column 17 mei, 12:23
Afbeelding
Five Pack strijdend ten onder in kampioenswedstrijd Sport 17 mei, 11:37
Afbeelding
Uittip: theatervoorstelling 'Zolang de vogels vliegen' Cultuur 17 mei, 11:31